Claudius Civilis 1
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

 

Claudius Civilis (1)

 

Troch in lange tiid fan sykte, swakte en brân yn Rome wie it der noch net fan kommen om de rôvjende Denen te ferjeien en te wraken mar yn it jier 69 soe it heve. Der waard in float gearstald om op de Denen ôf te gean. Troch ûnwaar en swiere stoarmen kaam dat der lykwols net fan en hja moasten sûnder ta harren doel te kommen wer op hûs oan. It gefolch dêrfan wie dat it jier dêrop de Friezen en Denen in ferbûn sluten om inoarren de kommende seis jier net te nei te kommen mei seerôverij en oft rôftochten wat wol aardich troch beide lannen nei kommen waard.

Al by it libben fan Nero krigen de Friezen, Batavieren en de measte Germaanske folken der in ôfkear fan om yn it Romeinske leger te tsjinjen en hja diene dat inkeld mei tsjinsin.

 

De oarsaak hjirfan wie foaral de wredens en de betizing dy't de lêste jierren sa tekenjend wiene.

Ek it gedrach fan de Steedhâlders en Lânfâden wie faaks eigendunkelik, wêrtroch at de mastere folken oanstriid hiene om harren te ûntdwaan fan de oerhearsking troch de Romeinen, hoenear de gelegenheid dit ta liet fansels.

Aritus wie de Romeinske Lânfâd oer de gewesten en is opfolge troch Fontejus Kapito. Dizze Fontejus hat in Batavier, neamd Julius Paulus, in broer fan Claudius Civilis falsk beskuldige fan reboelje, en is dêrom dea makke.

 

Claudius Civilis, de broer fan Julius, waard ek hate troch Kapito en is dernei fêst nommen. Hij is boeid mei nommen nei Rome foar in proses tsjin him en hy hat dêr oant de dea fan Nero yn'e finzenis sitten. Nettsjinsteande syn frijlitten, wie it in ferbittere man en swarde hy de dea fan syn broer te wraken.

 

Ek om dizze tiid: de apostel Petrus wurdt op de Fatikaanske hichte krúzige en omdat hy him sels minder achte dan syn Messias stoar hy ûndersteboppe hingjend oan it krús. Gearspanners tsjin Nero wurde twongen om selsmoard te plegen. Corbulo wurdt ek twongen om selsmoard te plegen en apostel Paulus stjêrt yn Rome de marteldea en wurdt ûntholle en op syn grêf stiet de Sint-Paulus basiliek, Bataafske opstân.

 

De Batavieren woene net langer yn it leger fan de Romeinen, en yn't algemien wie der wjerstân by de Germaanske folken tsjin Galba, de opfolger fan Nero, hokker wreed en tige gjirrich wie. Hy joech alle Bataafske en Germaanske liifwachten dien, die't sûnder lean foar harren trou nei hûs ta stjoerd waarden. Galba is nei in skoftke regear by in reboelje ûnder de Pretotiers om it libben kaam (fermoarde yn opdracht fan Otho)

en dêrom hat hy de wraak tsjin de Romeinen troch ûntefredenheid en misledige folken net meimakke.

 

Nei de dea fan Galba is Otho ta Keizer útroppen en koart dêrnei waard ek fjildhear Vitellius ta Keizer kroand. Hy is Keizer west fan 16 april oant 22 desimber 69. ( is yn Rome fernedere en deade op syn 54e jier)

Vitellius lei mei syn leger by Keulen oan de Ryn, en is troch syn oanhingers, de troepen fan Germania Inferior en Superior (grof sein Súdlik en Westlik fan de Ryn) ta Keizer útroppen. In grut twaspjalt en betizing wie it gefolch fansels. De beide Keizers besochten om safolle as mooglik meistriders te krijen om de oare te ferslaan. De folken oan de NederRyn sa as de Dútsers, Batavieren en Friezen keazen de side fan Vitellius en dêrmei hie hy in duchtich leger gearstald om Otho te oerfallen yn Itaalje en te ferslaan. In leger fan santichtûzen man hie Vitellius efter him.

 

Dêrfan soe Valens mei fjirtichtûzen en Caecina mei tritichtûzen soldaten lâns ferskate kanten Itaalje yn falle. Yn beide legers fochten de Friezen en Batavieren mei oan de kant fan Vitellius en lieten sa harren moedigens sjen tsjin oer de fijân oant yn Itaalje.

Nei in mannich partij fjochtsjen krige it leger fan Otho in swiere tsjinslach by de rivier de Po wêrby de Friezen en Batavieren faaks de trochslach joegen om't hja goed swimme koene. De slachting ûnder de mannen fan Otho wie sa grut dat de wei mei steapels deaden besiedde wie.

Doe't Otho fernaam dat hy de striid ferlern hie hat hy de hân oan him sels slein en dêrmei wie de oarloch eindige al wie net eltsenien fan de fersleine soldaten ree om Vitellius as Keizer te erkennen.

Vitellius makke misbrûk fan de behelle winst en joech him oer oan gleonens en ûntuchtiche dieden fan it meast ôfgryslike soart. Mar troch syn oermoedichens kaam syn ein al rille gau en noch foar it jier 70 hie it moardzjend stiel him fan de troan en it libben berôve yn Rome.

De Friezen, Batavieren en alle oare folken oan en lâns de Ryn seagen út nei in goed momint om ûnder de ûnderdrukking, bemastering, wei te kommen no it Romeinske leger sa yn betizing is. De argewaasje waard noch grutter omdat praktysk eltse oerwinning troch de Friezen, Batavieren en de Dútsers, hokker as “hulpbindes” besjoen waarden, ta stân kommen is. Trochgeans wiene it de minst beleane soldaten en is harren loyalens nea goed betocht. De foarname Batavier Claudius Civilis dy't ûnder it regear fan Galba út de finzenis kommen wie, hie in plan yn tarieding om ûnder it Romeinske jok wei te kommen. (Sa neamde mislearre Bataafske opstân 69-70)

 

Hy die it foarkommen dat hy de side fan Vespasianus kieze soe, mar syn doel wie om foar de frijheid foar alle folken te striden. Dit like him it momint omdat it Romeinske leger tige fersille lâns de Ryn legere wie en boppedat net mear as sa'n tweintichtûzen man sterk wie.

 

Dus wie it no wol te weagjen tocht Civilis en frege de wichtichste en pommeranste Batavieren om yn in wijd bosk te kommen. Hy ûntfong harren dêr oerfloedich. Neidat hja de nedige alkohol hâwn hiene lei hy oan harren út wat syn plan wie, nammentlik om mei sammele krêften de Romeinen te beoarlogjen.

 

Alhoewol't hja yn namme bûnsgenoaten wiene mei de Romeinen, waarden de Friezen, Batavieren en de Dútsers mear behannele as sklaven en liifeigene. De Romeinen lieten de legere oerheden stadichoan mear en mear ta om dizze folken te ûnderdrukken en se ferwachten dat it allinne mar slimmer wurde koe.

 

Faaks wie der gjin better tiidstip om it te weagjen, dan no om fan de Romeinen ôf te kommen. Dêr wiene net allinne mar in mindertal oan soldaten, se wiene ek noch ris tige ferdield, slop en lui. Om die reden ek lieten de bûnsgenoaten harren oertsjûge en seine him stipe en trou ta yn de kommende oarloch.

Civilis en syn wichtige kornúten wiene der no ek op fertocht dat de Cananafaten ek oan harren kant mei fjochtsje soene. Se noadigen de Cananafaten út om harren oer te heljen om mei te dwaan, de ferneamste fan harren, Brinio, wie fuort ree om mei te dwaan, ek omdat hy alris de ferliezer west wie yn in oarloch mei de Romeinen.

De Friezen foegen harren ek by Civilis en de Cananafaten, om ienriedich de fijân oan te pakken.

 

Yn harren haast en oermoedichens foelen de Cananafaten de neiste kampen fan de Romeinen lâns de Ryn oan wêrtroch dy útnaaiden. Yn it Romeinse kamp waarden de pakhuzen en magazynen plondere en de oanwêzige keaplju binne dea slein. Civilis die it foarkommen noch in goede ferhâlding te hawwen mei de Romeinen, en liet neat merke fan syn ôfspraken mei de Friezen en Cananafaten, der kamen se fansels wol efter. Sadwaande fochten Civilis en kornúten ûnferwachts tsjin de Romeinen wêrby de Romeinen by ien striid in hiel regement ferlearen, it regement Tongren nammentlik, dat nei Civilis oerrûn, wylst in float fan 24 skippen dy't troch Batavieren roeit waarden, ek de kant fan Civilis keas en dus foar de Romeinen ferlern wie.

 

No waard Civilis as bringer fan rêst en frijheid bejubele. En omdat dit sa foar de wyn gien wie besocht hy ek om de Germanen en Galliërs tsjin de Romeinen op te setten. Der wiene redenen genôch om in ferbûn mei inoar te sluten tsjin de Romeinen.

De Romeinen woene no dat Gaius Julius Civilis, ek wol Claudius Civilis neamd, mei syn leger tsjin de Batavieren, Friezen en de Cananafaten tekear gean soe. Mummius Luperreus waard stjoerd troch fjildhear Marcius Flaccus om de ôffalliche folken te bestriden en te bemasterjen.

 

 

Tebek nei Skiednis