Bonifatius
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Bonifatius

 

Willibrord koe no syn gong gean en koe Utert opkreazje en útwreidzje, wylst hy de sindelingen útstjoerde. Mar hy koe net ferhinderje dat yn Fryslân it Heidendom noch altyd oanhongen waard en de Franken en harren sindelingen ferjage waarden.

De soan fan Redbad, Adgillus II, waard troch de Frankische Kening, Karel Martel (ek wol de Hammer neamd) yn 718 oanwiist as Kening fan Fryslân.

 

Dizze Karel wist elts foarfal yn syn foardiel te brûken om syn Ryk út te wreidzjen en te fersterkjen. Sa slagge it him om Raganfrid, dy't amper bekommen wie fan syn ferlies, noch fierder te fernederjen.

De Friezen waarden, dêrta twongen oft út frije wil yn hulpbindes stadichoan mear belutsen by de oarloggen fan Karel Martel. De Saracenen, oanhingers fan Mohammed, lutsen mei froulju en bern fanút Spanje oer de Pyreneeën mei it foarnimmen om woartel te sjitten yn Súd Frankryk. Op 10 oktober 732 stiene se al yn Tours. Karel ferjage harren mei help fan de Friezen. In lyts skoftke letter kamen de Saracenen wer, mar no mei fyftichtûzenen en wiene al oan de Loire ta kommen. Karel moast no Eudes (hokker fóár dy earste ynfal fan de Saracenen noch in ferbûn mei harren ôfslúten hie (in net oanfal ferdrach) ta help komme om de woaste bindes te ferjeien. Ek yn dizze slach, by Garonne mei in hiel protte deaden, wiene wer in protte Friezen belutsen en diene in soad ta oan de oerwinning.

 

In opmerklik man ûnder de prekers, hokker de Friezen oerhelje moasten om it Kristendom oan te hingjen, wie de mûnts Wynfrith. Likernôch yn it jier 715 kaam Wynfrith oer út Ingelân en fersocht Kening Redbad om yn Fryslân preekje te meien.

Dy woe dêr fansels neat fan witte. Pas nei de dea fan Redbad en op oanrekommandaasje fan Willebrordus en abdis Bugga, tôge Wynfrith op Fryslân oan.

Tuskentiidsk wiene nei de oerwinning fan Karel Martel, op'e Friezen, in soad tsjerken en gebedshúzen boud en wol op dy plakken wêr't de no fernielde ôfgod-timpels fan de Friezen stien hiene.

De bejierre Tsjerkefoarst Willebrordus wie sá ymponearre troch it wurk fan Wynfrith, dat hy him it amt fan Biskop fan Utert oanbea. Wynfrith (37 jier) fûn himsels dêr te jong foar en sloech it oanbod diskear ôf.

 

Yn 718 gong Wynfrith nei Rome dêr't er yn 719 fan Paus Gregorius II de opdracht krige ta evangelisaasje-wurk yn Beieren, Túringen, Hessen en Fryslân en de organisaasje fan de tsjerke dêr op poaten te setten. En om de ôfgoaderij út te roeien en Tsjerken en Kleasters te bouwen.

Mar yn 723 moast hy wer yn Rome komme, by Paus Gregorius II dy't him ferheve ta Biskop, mei de namme Bonifatius (bringer fan it goede). Fiif jier wie er dêrnei aktyf yn Hessen en Túringen. Nei de dea fan Gregorius II, kaam Bonifatius yn'e graasje by Paus Gregorius III en waard Biskop fan Mentz. Letter krige hy sels de titel fan Ierdbiskop om oare geastliken yn te wijen en te lieden. Oeral yn West Jeropa woene hja Bonifatius as riedsman, apostel en as foarbyld ta neifolging.

 

De Fryske Kening Adgillus II oerlibbe dit grutte ferlies fan de Friezen net lang. Hy stoar yn it jier 741 en liet twa soannen nei, Gondobaldus en Redbad en twa dochters, Sandacella en Conovella. De lêste troude mei de Fryske Ealman Adelbricus út Seisbjirrum.

Tidens it regear fan Adgillus II en syn soan Gondobaldus naam it Kristendom yn Fryslân ta, haadsaklik om't der gjin ferfolging mear wie fan prekers en belieders. Yn 744 spanden de Friezen yn gearwurking mei Theodorik (?), Hartoch fan Saxen, tsjin Karloman (768-771 broer fan Karel de Grutte), de twadde soan fan Karel Martel, hearsker oer East Frankryk en lannen oan de Ryn. Letter waarden noch Fryske hulpbindes troch Pepijn ynsetten tsjin de oanfallende Saxers. Adgillus III (Gondobaldus), Kening fan Fryslân slagge der yn om Dokkenburg (Dokkum) oanmerklik út te wreidzjen en te fersterken. Mei de dea fan Gondobaldus wie it oer mei de rêst yn Fryslân. Opfolger wie syn broer Redbad II, hokker syn opfieding yn Denemarken hâwn hat, en dy hie in ôfgryslike hekel oan it Kristendom. De troch de Franken ferwoaste timpel fan Fosta op Fostelân (Amelân) waard troch him wer opknappe en de ôfgoaderij bloeide wer alhiel op.

 

De jonge Kening ferwidere en ferfolge de leauwige hofhâlding fan Gondobaldus (Aldgillis III). In protte oare foaroansteande leauwers krigen de deastraf oft flechten nei it bûtenlân foar de wredens fan Redbad.

Doe't Bonifatius yn âldens fan 70 jier, it foarinoar krige om syn opfolger Lüllus yn te wijen as Biskop fan Mentz, makke hy him op om Fryslân te besykjen, benaud dat it Kristendom wer alhiel út Fryslân ferdwine soe. Hy gong oan board en foer nei it plak ta wêr't hy yn syn jonge jierren preke hat en sa'n sukses hân hie.

Bonifatius hokker mei mear as fiiftich oare prekers Fryslân foar iens en altyd bekeare soe, wie nei men seit, der fan oertsjûge dat dit syn lêste libbens jier wurde soe. Yn West Fryslân waarden al tûzenden bekeard fan de heidenske godstsjinsten.

 

Nei ek Tsjerken en gebedshúzen stifte te hawwen, gong de kloft prekers it Vlie oer wêr hy yn it doarp Almenum de boel yn twaen opsplitste. Bonifatius sette syn tinten op oan de Fryske kant fan de middelsee. By de oertsjûgjende preken waarden wer tûzenden minsken bekeard. Bonifatius hie betocht dat it oankommende Pinksterfeest, om de nije Kristenen oan te nimmen, hâlden wurde moast yn Dokkum.

Mar op'e betide moarn fan de fiifde juny waard it kampplak oerfallen troch in grutte macht Friezen. Guon meireizigers fan Bonifatius hiene noch in wapen en woene harren dêrmei ferdigenje, mar de âlde Ierdbiskop fermoanne harren om net kwea mei kwea te ferjilden, mar op God te fertrouwen. Sadwaande waarden se allegear ombrocht en harren besit rôve. En ek Bonifatius is hjir fermoarde.

Op dizze moarden moast wol in reaksje komme fansels. En dy kaam ek, want de nije Kristenen sochten de moardners op en deaden de measten fan harren. Hastich kaam ek Albo, befelhawwer fan Pepijn de Koarte, nei Fryslân en fermoarde de rest fan de dieders.

It oerskat fan Bonifatius waard nei Utert ta brocht, letter nei Mentz en úteinlik by kleaster Fulda begroeven.

Yn Dokkum waarden noch lang relikwien toand fan Bonifatius, werby Bonifatius oannommen is as beskermhillige fan de stêd Dokkum. Redbad, mooglik de oanstekker fan dizze moardpartij, flechte út freze foar wraak nei Widukind yn Denemarken.

De Saxers, ûngelokkich ûnder it Frankische jok, fersetten har tsjin Pepijn en wegeren langer om de skatting fan trijehûndert hynders te foldwaan.

Se wapenen harren en nei in langduorriche en bluodderiche striid tsjin belesting en foar frijheid, moasten se belies jaan en seine ta dat se de skatting betelje soene.

 

 

 

Tebek nei Skiednis