Redbad en it Kristendom
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Redbad en it Kristendom

 

Wat Willebrordus en syn helpprekers net koene yn sân jier, slagge Wulfranus yn fiif jier. Allinne om Redbad ta it Kristendom te bekearen en om him as gefolch dêrfan te doopjen, wie net slagge. Dat wie oars mei Redbad syn twa soannen, Radbodus en Melgerus, dy't har wol doopje lieten. En as it dêr no al oft net oan lein hat is net te sizzen, mar se wiene beide in pear dagen letter dea.

Al wiene de beide soannen oannommen, hysels en de measten fan syn folk bleaunen trou oan de heidenske godstsjinst. Dêrby hearde ek it offerjen fan minsken. Op in kear waard yn bywêzen fan Biskop Wulfranus in jonge man troch Redbad oanwiist (neamd Onno oft Ovo) om ta eare fan de ôfgoaden "stjerre te meien". De Biskop besocht om dat te kearen, mar Redbad andere botwei dat it offerjen fan minsken in âld gebrûk wie en dat dêr net oan te ûntkommen wie.

 

Mar ferfolge hy, at jo Kristen God dit libben sparje wol, dan wurdt dizze jongeman oan jo, Wulfranus skonken. Wylst de Biskop God om hulp oanrôp waard Onno ophongen. En doe't dêrby it tou bruts waard de jonge oan Wulfranus skonken.

Dizze Onno waard letter preker fan it Evangeelje, en it earst yn Fryslân. Noch fiif oare minsken, ta offer oanbean, koene rêden wurde troch Wulfranus wêrnei't se bekearden ta it Kristendom. Mar Redbad wegere noch altyd om him doopje te litten.

Oant op it lêst, doe't Redbad al by it doopfet stie om dope te wurden, frege hy de Biskop wêr as de sielen fan al dy moedige foarâlders en oare Fryske Ealen nei harren dea hinne gien wiene.

 

De Biskop andere, dat alle minsken, hokker net ûnder God en syn Soan stoarn wiene sûnder mis as ferlern beskôge wurde moasten. Doe trêde hy by it doopfet wei en ferklearre dat hy leaver mei syn foarâlden en oare Fryske helden by Wodan wêze woe dan mei in heapke earme Kristenen yn it Godsparadys.

 

Drôvich ferliet Wulfranus Fryslân en gong nei it Kleaster Fontanelle en stoar yn it jier 720.

Redbad koe him wer festigje yn Medemblik. Nei syn dea (tige âld) yn 719 bleaunen syn yngewanten yn Medemblik, wylst syn lichem nei de Fryske haadstêd Starum brocht is om him dêr mei ear en op Keninklike wize ta ierde te stellen. Redbad hie in protte oarloggen ferlern, mar wie altyd trou bleaun oan it doel yn syn libben, om de Friezen te ferdigenjen foar de frijheid fan Godstsjinst en boppe al de frijheid.

 

 

 

 

Tebek nei Skiednis