It karakter fan de Friezen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Karakter en gebrûken fan de âlde Friezen

 

Friezen wiene typyske Germanen, se wiene wylder, langer en blonder dan de Kelten, en it wiene sterke, behurde en rauwe minsken, en foars fan foarkommen. It wiene gjin minsken mei sloppe knibbels en se wiene folslein oanpast oan it wjerstribbiche waar. Yn harren deistich bestean en gedrach wiene de âlde Friezen foarbylden yn mannich opsicht.

Hja libben tige ienfâldich, wiene gastfrij en ealmoedich sels foar harren fijannen, mar yn oarloch wiene se drystmoedich. Bern en húsgenoaten wiene harren tige nei en se wiene dêr trou oan. Elts wie wolkom yn harren hutten en krigen it selde iten, wat meast ienfâldich wie sûnder omslach.

 

Bûten harren ienfâldige libbenswize en ôfkear fan alle gemak wiene it gespierde en sterke minsken. Froulju en manlju hiene beide tige lang hier en manlju wiene meast bedutsen mei snor en burd. Hja oefenen harren lichem oant heeche leeftyd.

De bern wiene al gau wend oan'e hjitte en kjeld, en dus hurde tsjin it klimaat wat der doedestiids wie. Swimme, hynsteride en oare putsjes hiene de bern harren al gau eigen makke en sadwaande waarden se ree makke om te jeien en te fiskjen.

Ûntucht wie in skande en waard harren libbenslang oanrekkene. It wiene minsken dy't tige begongen wiene mei harren eigen folk en dêr ek alles foar oer hiene en hja wiene trou yn it houlik. It waard net op priissteld om foar it tweintichste jier te trouwen, en hoe langer frijgesel hoe eerbaarder it wie. Mearwiverij wie net sa as by guon oare folken gongber, fjemdgean oft hoerderij waard swier bestraft en meastens mei de dea. De lieder wie yn dizze tiid meast de âldste en it haad fan de mienskip mar ek foargonger oft pryster by tsjinsten foar it earjen fan de heidenske goaden.

 

Lykas de Germaanske folken yn't algemien mochten ek de âlde Friezen graach drank, bier oft “mede”. Dat wie wol in minpunt en droech by oan rúzjes en moarden. Dizze drank waard makke út weet en hie in heech alkohol gehalte. Hja holden harren altyd oan harren wurd, dat waard net ferbrutsen, mar mei drank op dan wie dat net mear jildich.

 

It needsakelike húshâldlike guod en ark makken se fan hout, stien en oerbliuwsel fan bisten sa as bonken oft hoarnen en hûden.

Nudles fan bonken binne wol fûn by it opdollen, want klean meitsje moasten se doe ek al fansels. Harren klean wiene hûden fan ferskate bisten, opdien by it jeien, hokker se sûnder franje los om it lichem bûnen.

 

Ek makken se himden, en jurken, fan wol en fan wylde flaaks en droegen dy oer inoarren hinne. Jurken wiene gewoan in efter en in foarkant, byinoarren holden mei in riem oft tou.

Sawol yn’e simmer as winter rûnen se sawat yn'e selde klean om. De Romeinen hiene dêr wakker niget oan en dan foaral om't de “jurken” nochal koart wiene. Fier foar Kristus wie it allegearre wat rûch en ienfâldich mei de klean fansels, mar geandewei de ieuwen waard dat ferfynje. En foaral nei dat de Romeinen kamen. As “skuon” hiene se meardere stikken lear mei riemkes oan'e fuotten.

 

Earst libben de Friezen fan de fiskfangst en jacht, wyld en fisken wiene der mear as genôch. Letter kaam de feefokkerij en lânbou wêrmei se oan harren behoefte foldwaan koene.

In famylje bestie trochgeans út in 12 minsken sy en libben fan in 15 stiks kij, wat skiep en bargen. Dêrnjonken hiene se wat losrinnend fee sa as hinnen en oft guozzen en steefêst in hûn.

It fee weide sa om'e terpdoarpen hinne en as it nedich wie waard der it iene oft it oare slachte. Fleis koe net sa lang ûnbewurke holden wurde en waard ynlein yn sâlt oft it waard rikke.

De kij fan doe wiene net sa grut, in ko bygelyks wie sa'n ien meter tweintich heech en bleau sa lyts fanwege ynteelt. De Friezen hiene doe en ek no noch in eigen taal, it Frysk, en en dat is rom sein in Germaanske taal. Eartiids sprutsen in soad folken yn it Noardwesten fan Jeropa Germaansk en, ek al wie it mei aksint, sy koene elkoar ferstean. De taal is evaluearre sa as se dat neame en sadwaande hat it net folle mear fan de taal sa as dy wie, sis in pear ieuwen ferline. Dêrom in stikje âld Frysk:

 

"Jck Haia van Kamminga Grietman in da Kages riucht Jds Haia ruter ende Hessel Rennerts zen mederechteren, wij dwant kued etcetera alzo dat ick Haio mit consent van myn mederechtern dee ende hab deen ferban op dit landt foerscreuen ende byfelt alla handen datter nimma wald ner oenriucht dwe oen disse landt voorscreuen alzoe lange alser wyndt wayd kyndt schrayt gers groit ende baem bloyt Jn een wierheit etcetera anno Mccc tria en sextich op Sint Jacobs Joene".

 

Lex Frisionum, is in beskriuwing yn wetten, dy't foar de Friezen rjochten en plichten yn holden wêroan't se foldwaan moasten en sa net wat dan de straffen wiene. Sa wie der bygelyks in fêststelde straf foar in slaaf dy't syn master dea makke, mar oarsom ek as de master syn slaaf dea makke al wie dy straf lang sa heech net. At se njonken harren sels noch in tal swargenoaten nei foaren bringe koene dan wie it net ûngewoan dat se frijsprutsen waarden.

 

As se immen ferwûnen, sels de graad fan de ferwûning wie beskreaun, waard oan jûn wat dêr tsjin oer stean moast. De hiërargyske trep waard goed yn'e smizen holden en sa wist Ealman oant slaaf wat syn rjochten en plichten wiene en de gefolgen wannear hy of sy sich net oan de regels hold. Gelyk foar dy wet wiene de Ealen, de frijen, de hearrigen en de slaven yn eltsengefal net.

De sosjale klasse fan de ynwenners fan Fryslân koe men rûchwei yn fjouweren diele, te witten:

 

1. De Adel oft Ealen, yn besit fan grutte pleatsen en besittingen, hjir en der bediele mei ridderlike hofstêden, sterkten (legerkampen) en Kastielen.

2. De Frijelingen (Frijberne oft Frije lju) hokker ek guod yn frijdom besieten mar útsletten wiene fan de foarrjochten fan de Ealen.

3. De Laten oft Liten, foarhinne liifeigene dy't de landerijen fan de Ealen oft Frijen yn lien oft hier brûkten. Se moasten hân en spantsjinsten ferliene oan har lienhearen.

4. De sklaven, sûnder besit, ek sy, harren froulju en bern wiene eigendom fan harren masters. Dizze slaven wiene ek, yn grut tal, yn tsjinst fan tsjerken en kleasters.

 

De wetjouwing wie folslein ynrjochte op behâld en ûnderhâld fan dizze fjouwer dielichheid. Swiere wandieden, troch de Ealen begongen, waarden meast ôfdien mei in lichte boete.

Mar omkeard wie it "legere" folk it slachtoffer fan de "hegere" hearen. Dizze wetten wiene plan-út willekeur en hegelik ûnrjochtfeardich. Sa waarden persoanlike misledigingen fan Ealen oant seis kear swierder bestraft.

De omgongsfoarmen wiene tige rau, minske offers wiene noch gongber. Ek om dy reden wiene nei de dea fan Bonifatius en syn gefolch, ûnder it regear fan Redbad II, hast gjin prekers ree om harren libben te weagjen yn Fryslân.

 

 

 

Tebek nei Skiednis