Fan it jier 700 oant 800
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 700 oant 800

 

 

It ferdrach tusken de Kening fan de Franken en Kening fan de Friezen wie wif, mar omdat Pepijn de hannen fol hie yn eigen lân, ûndernaam hy neat om Redbad de broek oan te mjitten. Nei it houlik fan Redbad syn dochter mei de soan fan Pepijn (Grimoald) is Pepijn grutmaster wurden oan it hof fan Neustrië wêr de alve jierrige Childebert ta Kening kroane is.

Yntusken waard Biskop Lambertus fan Lûk op fersyk fan Pepijn fermoarde omdat dy beswier hie op syn libbenswize. By it grêf fan Lambertus bidde Grimoald om betterskip foar syn sike heit (Pepijn), mar is op dat plak in 714 in de buert fan Maastricht fermoarde troch de Fries Ransgarius.

Pepijn bekaam efkes en liet doe alle dieders oan de moard op syn soan ombringe.

Hiel wierskynlik is Thiadsvind, de dochter fan Redbad, hjir ek by omkaam. Hjirtroch is de haat tusken Redbad en it geslacht Pepijn noch grutter wurden. Pepijn stoar yn it jier 714 neidat hy Theodebald, de soan fan Grimoald, oansteld hie as Grut Hofmaster fan it West Frankische ryk. En syn neilittenskip gong nei syn eigen soan Karel Martel (Herstal 689-741 hofmeier).

 

Redbad bleau de Godstsjinst tsjin wurkjen en dêrom wie in algemiene ynfiering noch net oan'e oarder. Yn 714 stoar Pepijn fan Herstal en is opfolge troch Pepijn III de Koarte, Kening fan de franken, en hy wie noch net kâld oft Redbad naam de striid wer op. Redbad naam de âlde gebieten fan Fryslân earst wer yn, troch op slimme wize gebrûk te meitsjen fan reboelje by de Franken yn 715 oant 718.

It earste wat hy die wie op nei Utert en ferjage Willibrord en syn geastliken hokker nei Trier ta flechte binne. Ek Doarestêd falt sa wer yn syn hannen en wie hy wer master oer de Ryn. Lang hat hy dêr net fan genietsje kinnen want yn it jier 719 stoar Redbad nei in earnstige sykte.

 

Fanôf 720 wie it Fryske gebiet Westlik fan it Vlie (sis mar Seelân, Utert en Hollân) yn Frankyske hannen. De minsken dêr stipen de Fryske Kening net mear en ha harren oerjûn oan de Franken. Safolle droege grûn wie dat net om't it measte troch ferheging fan de seespegel ûnder wetter lei. In stêd as Dordrecht wie doedestiids in eilân (Hollandse waard) en kaam krekt boppe it wetter út. It wie wol in wichtich hannels plak en dêr wennen ek de earste Greven. De Earste Greef fan West Fryslân (Seelân, Utert en Hollân) wie Theodore (Dirk) III fan 993 oant 1039.

 

Redbad waard oerhelle om ta in komplot te kommen mei it doel om wraak te nimmen tsjin Karel Martel (Herstal 689-741 hofmeier) fan it geslacht Pepijn. Hy die in leger oan boat gean en foer de Ryn op nei Keulen dêr wie ek de widdo fan Pepijn, Plectrude.

 

De Friezen ha it lytse leger fan Karel praktysk hielendal ferslein en tôgen mei in grutte bút nei hûs. Oermoedich wurden fan dat sukses sammele Redbad in noch grutter legermacht en foege him by syn bûnsgenoat Raganfrid. Die gearfoege legers streupten no hiel East-Frankryk ôf. Ek Keulen waard oanfallen en ynnommen wêrnei't se nei hûs ta gongen. Op dy weromreis (717) waard Raganfrid oerfallen en ferslein troch in leger fan Karel Martel, wat hy ferburgen hold en noch efter de hân hie. Karel Martel stie der op, no't hy wat rêst brocht hie yn Frankryk, om ek syn fijân Redbad, Kening fan Fryslân op'e knibbels te krijen. Sa mooglik noch opnaait troch Willebrordus en oft oare geastliken, en brocht in grut leger nei Fryslân.

Nei in rêstich skoftke foel Karel Martel de Friezen wer oan yn 733 en kaam hy de boel wer rjocht te setten, mei in float oer de Aelmere en kaam by Jirnsum oan lân. No wie Redbad swier oerrompele en koe sa gau gjin foldwaande maatregels nimme om him te war te stellen. Poppo wie as fjildhear, befelhawwer oer it yn'e gauwens byinoar fandele Fryske leger.

 

Middelsee oft Boorndiep

 

(ôfkomst printsje by boarnen)

 

 

Oan'e middelsee flak by Jirnsum troffen de legers inoarren en yn in fûleindich en bluodderich fjochtsjen sneuvele Popo en it grutste diel fan syn manskippen.

De Franken oerrûnen no hiel Fryslân en fernielden bylden en alle timpels fan de heidenske ôfgoaden.

Oer Popo oft Bubo oft Bobba is net iens sa folle bekend, bûten dat hy fjildhear wie fan Redbad, Kening fan Fryslân. Der binne minsken hokker tinke dat hy ek Kening fan Fryslân west hat, mar it wie yn eltsengefal in wichtich en fernaam man ûnder it regear fan Redbad. De úteinlike “Slach by de Boarne” is yn eltsengefal ferlern troch de friezen tsjin de Franken en dêrmei ha de Frije Friezen harren frijheid ek foargoed ferlern. De Franken plonderen dêrnei it gebiet en gongen fuort mei in soart bút.

 

Allinne it Eastlike gebiet is noch in skoftke frij west mar is letter troch de Frankyske Kening Karel de Grutte ynnommen. Karel Martel twong de beskamme Kening Redbad om de belofte om it Kristendom oan te nimmen, prekers ta te litten, de heidenske riten ôf te swarren en net as lêste, him sels dope te litten. Foldien en mei in dikke bút reizigen de Franken ôf.

Karel koe oan Willebrordus kunde dwaan dat de wei iepen lei om it Evangeelje yn Fryslân te fersprieden. Karel Martel (Herstal 689-741 hofmeier) bedong dat njonken Willebrordus, de Biskop fan Sens, Wulfran neamd, ek yn Fryslân preekje soe.

 

Wat Willebrordus en syn helpprekers net koene yn sân jier slagge Wulfranus yn fiif jier. Allinne om Redbad ta it Kristendom te bekearen en om him as gefolch dêrfan te doopjen, wie net slagge. Dat wie oars mei Redbad syn twa soannen, Radbodus en Melgerus, dy't har wol doopje lieten. En as it dêr no al oft net oan lein hat is net te sizzen, mar se wiene beide in pear dagen letter dea.

Al wiene de beide soannen oannommen, hysels en de measten fan syn folk bleaunen trou oan de heidenske godstsjinst. Dêrby hearde ek it offerjen fan minsken. Op in kear waard yn bywêzen fan Biskop Wulfranus in jonge man troch Redbad oanwiist (neamd Onno oft Ovo) om ta eare fan de ôfgoaden "stjerre te meien". De Biskop besocht om dat te kearen, mar Redbad andere botwei dat it offerjen fan minsken in âld gebrûk wie en dat dêr net oan te ûntkommen wie. Mar ferfolge hy, at jo Kristen God dit libben sparje wol, dan wurdt dizze jongeman oan jo, Wulfranus skonken. Wylst de Biskop God om hulp oanrôp waard Onno ophongen. En doe't dêrby it tou bruts waard de jonge oan Wulfranus skonken.

 

Dizze Onno waard letter preker fan it Evangeelje, en it earst yn Fryslân. Noch fiif oare minsken, ta offer oanbean, koene rêden wurde troch Wulfranus wêrnei't se bekearden ta it Kristendom. Mar Redbad wegere noch altyd om him doopje te litten.

 

Oant op it lêst, doe't Redbad al by it doopfet stie om dope te wurden, frege hy de Biskop wêr as de sielen fan al dy moedige foarâlders en oare Fryske Ealen nei harren dea hinne gien wiene.

 

De Biskop andere, dat alle minsken, hokker net ûnder God en syn Soan stoarn wiene sûnder mis as ferlern beskôge wurde moasten. Doe trêde hy by it doopfet wei en ferklearre dat hy leaver mei syn foarâlden en oare Fryske helden by Wodan wêze woe dan mei in heapke earme Kristenen yn it Godsparadys. Drôvich ferliet Wulfranus Fryslân en gong nei it Kleaster Fontanelle en stoar yn it jier 720.

Redbad koe him wer festigje yn Medemblik. Nei syn dea (tige âld) yn 719 bleaunen syn yngewanten yn Medemblik, wylst syn lichem nei de Fryske haadstêd Starum brocht is om him dêr mei ear en op Keninklike wize ta ierde te stellen. Redbad hie in protte oarloggen ferlern, mar wie altyd trou bleaun oan it doel yn syn libben, om de Friezen te ferdigenjen foar de frijheid fan Godstsjinst en boppe al de frijheid.

 

Willibrord koe no syn gong gean en koe Utert opkreazje en útwreidzje, wylst hy de sindelingen útstjoerde. Mar hy koe net ferhinderje dat yn Fryslân it Heidendom noch altyd oanhongen waard en de Franken en harren sindelingen ferjage waarden.

De soan fan Redbad, Adgillus II, waard troch de Frankische Kening, Karel Martel yn 718 oanwezen as Kening fan Fryslân. Dizze Karel wist elts foarfal yn syn foardiel te brûken om syn Ryk út te wreidzjen en te fersterkjen. Sa slagge it him om Raganfrid, dy't amper bekommen wie fan syn ferlies, noch fierder te fernederjen.

 

De Friezen waarden, dêrta twongen oft út frije wil yn hulpbindes stadichoan mear belutsen by de oarloggen fan Karel Martel. De Saracenen, oanhingers fan Mohammed, lutsen mei froulju en bern fanút Spanje oer de Pyreneeën mei it foarnimmen om woartel te sjitten yn Súd Frankryk. Karel ferjage harren mei help fan de Friezen. In lyts hoartsje letter kamen de Saracenen wer, mar no mei hûnderttûzenen en wiene al oan de Loire ta kommen. Karel moast no Eudes (hokker fóár dy earste ynfal fan de Saracenen noch in ferbûn mei harren ôfslúten hie (in net oanfal ferdrach)) ta help komme om de woaste bindes te ferjeien. Ek yn dizze slach wiene wer in protte Friezen belutsen en diene in soart ta oan de oerwinning.

 

In opmerklik man ûnder de prekers, hokker de Friezen oerhelje moasten om it Kristendom oan te hingjen, wie de mûnts Wynfrith. Likernôch it jier 715 kaam Wynfrith oer út Ingelân en fersocht Kening Redbad om yn Fryslân preekje te meien.

Dy woe dêr fansels neat fan witte. Pas nei de dea fan Redbad en op oanrekommandaasje fan Willebrordus en abdis Bugga, tôge Wynfrith op Fryslân oan.

 

Tuskentiidsk wiene nei de oerwinning fan Karel Martel, op'e Friezen, in soart tsjerken en gebedshúzen boud en wol op dy plakken wert de no fernielde ôfgod-timpels fan de Friezen stien hiene.

De bejierre Tsjerkefoarst Willebrordus wie sá ymponearre troch it wurk fan Wynfrith, dat hy him it amt fan Biskop fan Utert oanbea. Wynfrith (37 jier) fûn himsels dêr te jong foar en sloech it oanbod diskear ôf.

 

Yn 718 gong Wynfrith nei Rome dêr't er yn 719 fan Paus Gregorius II de opdracht krige ta evangelisaasje-wurk yn Beieren, Túringen, Hessen en Fryslân en de organisaasje fan de tsjerke dêr op poaten te setten. En om de ôfgoaderij út te roeien en Tsjerken en Kleasters te bouwen.

Mar yn 723 moast hy wer yn Rome komme, by Paus Gregorius II dy't him ferheve ta Biskop, mei de namme Bonifatius (bringer fan it goede). Fiif jier wie er dêrnei aktyf yn Hessen en Túringen. Nei de dea fan Gregorius II, kaam Bonifatius yn'e graasje by Paus Gregorius III en waard Biskop fan Mentz. Letter krige hy sels de titel fan Ierdbiskop om oare geastliken yn te wijen en te lieden. Oeral yn West Jeropa woene hja Bonifatius as riedsman, apostel en as foarbyld ta neifolging.

 

De Fryske Kening Adgillus II oerlibbe it grutte dit ferlies fan de Friezen net lang. Hy stoar yn it jier 741 en liet twa soannen nei, Gondobaldus en Redbad en twa dochters, Sandacella en Conovella. De lêste troude mei de Fryske Ealman Adelbricus út Seisbjirrum.

 

Tidens it regear fan Adgillus II en syn soan Gondobaldus naam it Kristendom yn Fryslân ta, haadsaklik om't der gjin ferfolging mear wie fan prekers en belieders. Yn 744 spanden de Friezen yn gearwurking mei Theodorik (?), Hartoch fan Saxen, tsjin Karloman (768-771 broer fan Karel de Grutte), de twadde soan fan Karel Martel, hearsker oer East Frankryk en lannen oan de Ryn. Letter waarden noch Fryske hulpbindes troch Pepijn ynsetten tsjin de oanfallende Saxers. Adgillus III (Gondobaldus), Kening fan Fryslân slagge der yn om Dokkenburg (Dokkum) oanmerklik út te wreidzjen en te fersterken. Mei de dea fan Gondobaldus wie it oer mei de rêst yn Fryslân. Opfolger wie syn broer Redbad II, hokker syn opfieding yn Denemarken hâwn hat, en dy hie in ôfgryslike hekel oan it Kristendom. De troch de Franken ferwoaste timpel fan Fosta op Fostelân (Amelân) waard troch him wer opknappe en de ôfgoaderij bloeide wer alhiel op. De jonge Kening ferwidere en ferfolge de leauwige hofhâlding fan Gondobaldus (Aldgillis III).

 

In protte oare foaroansteande leauwers krigen de deastraf oft flechten nei it bûtenlân foar de wredens fan Redbad.

Doe't Bonifatius yn âldens fan 70 jier, it foarinoar krige om syn opfolger Lullus yn te wijen as Biskop fan Mentz, makke hy him op om Fryslân te besykjen. Benaud dat it Kristendom wer alhiel út Fryslân ferdwine soe. Hy gong oan boart en foer nei it plak ta wert hy yn syn jonge jierren preke hat en sa'n sukses hâwn hie.

 

Bonifatius hokker mei mear as fiiftich oare prekers Fryslân foar iens en altyd bekeare soe, wie nei men seit, der fan oertsjûge dat dit syn lêste libbens jier wurde soe. Yn West Fryslân waarden al tûzenden bekeard fan de heidenske godstsjinsten.

 

Nei ek Tsjerken en gebedshúzen stifte te hawwen, gong de kloft prekers it Vlie oer wêr hy yn it doarp Almenum de boel yn twaen opsplitste. Bonifatius sette syn tinten op oan de Fryske kant fan de middelsee. By de oertsjûgjende preken waarden wer tûzenden minsken bekeard. Bonifatius hie betocht dat it oankommende Pinksterfeest, om de nije Kristenen oan te nimmen, hâlden wurde moast yn Dokkum.

Mar op'e betide moarn fan de fiifde juny waard it kampplak oerfallen troch in grutte macht Friezen. Guon meireizigers fan Bonifatius hiene noch in wapen en woene harren dêrmei ferdigenje, mar de âlde Ierdbiskop fermoanne harren om net kwea mei kwea te ferjilden, mar op God te fertrouwen. Sadwaande waarden se allegear ombrocht en harren besit rôve. En ek Bonifatius is hjir fermoarde.

 

Op dizze moarden moast wol in reaksje komme fansels. En dy kaam ek, want de nije Kristenen sochten de moardners op en deaden de measten fan harren. Hastich kaam ek Albo, befelhawwer fan Pepijn de Koarte, nei Fryslân en fermoarde de rest fan de dieders. It oerskat fan Bonifatius waard nei Utert ta brocht, letter nei Mentz en úteinlik by kleaster Fulda begroeven.

Yn Dokkum waarden noch lang relikwien toand fan Bonifatius, werby Bonifatius oannommen is as beskermhillige fan de stêd Dokkum. Redbad, mooglik de oanstekker fan dizze moardpartij, flechte út freze foar wraak nei Wittekind yn Denemarken.

 

De Saxers, ûngelokkich ûnder it Frankische jok, fersetten har tsjin Pepijn en wegeren langer om de skatting fan trijehûndert hynders te foldwaan.

Se wapenen harren en nei in langduorriche en bluodderiche striid tsjin belesting en foar frijheid, moasten se belies jaan en seine ta dat se de skatting betelje soene.

 

Ek de Fryske Kening Radbodus II toande syn ôfkear fan de Franken en Kristenen. De druk fan Radbodus wie sa grut (hy besocht meardere kearen om Utert yn te nimmen) dat Gregorius begûn te klaaien by Pepijn.

 

De Aquitanische (in gebiet yn Súdwestlik Frankryk) oarloch behindere Pepijn om krêftich te hanneljen tsjin de Friezen. Pepijn oerwûn hiel Aquitanië, mar fûn de dea dêrby yn septimber 768, en stoar Pepijn III. Dat makke in ein oan syn twang om dy Friezen mores te learen. Pepijn hie trije soannen, Karloman, Karel en Gillis. Karel (Karel de Grutte) wie doe 26 jier âld.

Syn soan Karel krige letter dat diel fan it Saksische Ryk, wert salang op past wie troch syn omke Karloman, de broer fan Pepijn. En Fryslân hearde ek ta dat diel.

 

Yn fergelyk mei oaren wie dizze Karel útsûnderlik lang, sa'n ien meter en fiifensantich, en dêrom neamden se him Karel de Grutte. Dit wie wol in neidiel foar de Friezen dat hy regearde oer Fryslân.

Om't hy sa fêsthâldend gelovich wie en pas troch in oanhâldende stipe fan Karel krige it Kristendom yn Fryslân syn bewoarteling.

De populêre Ubbo, in Fryske Hartoch ûntdien fan al syn foarrjochten troch Radbodus om't hy gelovich wurden wie, hie stil en from libbe. En út freze foar grime fan syn oanhingers, doarst Radbodus him net te deadzje oft te ferbannen.

 

Yn Fryslân waakst de haadstêd Starum yntusken tige, en de timpel fan ferearing en de god Stavo wiene hjir behâlden bleaun. Troch harren geunstige lizzing oan it wetter wiene ek de stêden Ezonstêd oan'e Lauwers, Dokkenburg (Dokkum) de Ee en de stêd Uitgong (Berltsum) gâns útwreide en wiene feilich as lisplak foar de boaten.

It stedsje Wartens (Wartena) joech oan de Súdeastlike en hegere streken in frije trochgong nei de Middelsee en dêrmei nei de Noardsee.

 

Op in Ryksdei yn Worms (Dútsklân) is besletten dat Karel mei in grut leger tsjin de Saxers oplûke soe om harren te bemasterjen. Flakby de stêd Osnaburg (Osnabrück, Dútsklân) waarden de Saxers ferslein. Letter doe't de Friezen en Saxers tochten dat Karel yn in oarloch tsjin de Saracenen dea makke wie, ûntstie der noch ris in kear reboelje.

Yn 775 waard Fryslân alhiel oerwûn en ôfhinklik makke en kaam der in ein oan'e Keninklike regearingen troch de Friezen. Radboud II hie Wittekind noch frege om help, mar dy hie de Friezen just hyltiid tramtearre en dat wie de Friezen min nei't sin en keazen de kant fan de Franken. Radboud flechte dêrop nei Denemarken yn 775. De Friezen waarden no twongen troch de Franken om mei te fjochtsjen tsjin de Saxers. Yn dy oarloch kamen mear as tachtigtûzen Saxers om it libben en moasten ek sy har ûnderwerpe oan Karel de Grutte. Pas yn 804 soe Karel de Grutte de Saxen en de East Friezen der folslein ûnder ha.

 

Mogelik, dat troch tadwaan fan de út Fryslân flechte Radboud II en Wittekind, de Friezen foar de safolste kear pleage binne troch de Noarmannen.

Dy gongen oan lân yn West Fryslân en rôven, stiften brân en moarden op in ferskriklike wize, noch foar dat de bewenners harren op de oerfal ynstelle, oft ta ferwar komme koene. Mar doe't se fan de skrik bekommen wiene ha de ferbiten Friezen de Noarmannen mei alle macht ferjage. Hja flechten en troch de haast moasten hja de bút wol efter litte. De Noarmannen kapten har ankertou en joegen harren ûnder seil. Sawat fjouwerhûndert Noarmannen waarden dea makke, mar ek de Fryske Ealman Jan Hermana út Minnertsgea.

Al de folgjende dei kearden de rôvers werom en farden lâns it Vlie en gongen oan wâl yn Westlik Fryslân en doe bigûnnen se dêr de doarpen te plonderjen en te ferbaarnen.

 

Hylpen en Koarnwert krige de measte ellinde oer harren hinne.

Gelokkich wiene de ynwenners fan Starum sa moedich en talryk dat se de Noarmannen al ferjage hiene foardat de haadmacht fan de Friezen der oan te pas kaam. De Noarmannen flechten no wer, wer sûnder in protte bút, en fiif skippen moasten hja efter litte.

Karel de Grutte hie syn hannen fol oan de striid tsjin de Saracenen. Op de fjildtocht nei Spanje waard hy bystien troch Gondebald, in soan fan Aldgillis II, en sân tûzen fan syn bêste striders. Op de werom reis lykwols waard yn de Pyreneeën it Frankische leger troch Gasconjers (ynwenners fan Gascogne, stêd flakby Bordeaux, Frankryk) oerfallen en ferslein (slachfjild Roncesvalles, Spanje) werby ek Gondebald dea stutsen is.

 

Tidens de ôfwêzigens fan Karel, wiene de Saxers wer ris opstannich west, en rjochten yn in soart gewesten grutte ferwoastingen oan. Se moarden en stiften brân, ja oan Mets en Keulen ta! Deventer waard ek oermastere en de Kristlike tsjerke yn'e brân stutsen. Ek Súdlik Fryslân ûntkaam net oan de lulkens fan de Saxers tsjin it Kristendom en de Frankische Kening Karel de Saxen- Slachter.

 

It gong poer bêst mei it Adelik geslacht Ludinga oft Ludingman. Yn 779 kaam Hajo Ludingman efkes nei Fryslân út Itaalje wert hy de Hartoch fan Venetië tsjinne hie. It foarjier dêrop reizge hy ôf mei Obbo Hermana (soan fan de troch Noarmannen fermoarde Jan Hermana) en syn eigen neven Tako en Feiko Forteman nei Skotlân.

Tsjinjend yn de oarloch fan Kening Achajus ûnderskieden sy har troch de moedigens en deugd. Op fersyk fan de Kening bleaunen Feiko en Obbo yn Skotlân, mar Tako en Hajo reizgen troch nei Venetië. Ek Botte Forteman ferbleau dêr wert hy him betûfte yn ferskate wittenskippen. De honger nei kennisse wie sa grut, ek nei Godsgeleardheid, dat fanút Venetië ferskate letter ferneamde geastliken nei Noard West Jeropa stjoerd waarden. Sa waard de Fries Wibo (oft Witho) yn 772 de earste Biskop fan Osnabrück.

 

En Hildegrim brocht it ta biskop fan Salingstêd yn East Saxen. De Fries Dethmar is Abt wurden yn in Italjaansk Kleaster, en Lugerus (oft Liudger 742-809) waard biskop fan Münster.

 

Gondebald, de njoggende Kening fan de Friezen, soan fan Aldgillis II, kaam nei de dea fan syn heit yn om-ende-by it jier 739 oan'e macht. Under syn bestjoer, nei it ferstjerren fan Biskop Willebrordus, is it Bisdom fan Utert tige groeit yn macht en oansjen. En dat benammen troch de jeften fan Gondebald. Guon lju skriuwe dat hy, mei achttûzen Friezen dy't Karel de Grutte holpen, by dy striid tsjin de Saracenen omkommen is.

 

Mar dat wurdt betwifele omdat, oantoanber, mei dizze Gondebald in ferwikseling makke is mei in Galidboder. Gondebald nammentlik liet twa soannen nei: Gondebald II en Johannes.

Omdat beide by it ferstjerren fan har heit noch net prate koene kaam Gondebalds broer, Rothad II út Denemarken om harren plichten sa lang wier te nimmen. Njonken dy twa soannen hie hy ien dochter, Tecla neamd, dy't de frou wurden is fan de Fryske Ealman Hajo Camminga.

 

Karel de Grutte ferdielde Fryslân tusken it Vlie en Lauwers yn de Greefskippen Eastergo, Westergo en Starum. Oannimlik is dat Karel de Grutte de Friezen net alhiel fertroude, fanwege harren stipe oan de opstannen fan de Saxers.

It oanlizzende Greefskip Yslegouwe (East en West Stellingwerf) hearde by de lannen fan de Neder-Saxers. It is seker dat de haadmannen fan dizze gewesten, Greven oft steedhâlders, oansteld binne troch Karel. De lettere hearskers, meastal keazen út de Fryske Adel, foarmen it regear fan Fryslân. Neist de Greve oft Hartoch waard in twadde rjochter oansteld, in Aesga, troch it folk keazen en troch de Kening yn it amt beneamd.

De Hartoch oardiele oer de swiere misdieden, de boargerlike en jildkwestys heare ta de Aesga. In tredde rjochterlik persoan is de Schelta, hokker belêste wie mei it ynfoarderjen fan toljilden en belestingen. De Vrona oft Frana wiene ferantwurdlik foar de útfiering fan de fonnissen fan de Greef en Aesga; it yn finzenis nimmen fan misdiedigers en de ynname fan boetes.

 

Karel liet de Friezen wol regeare folgens Fryske wetten, opsteld en útwreide troch tolve wize mannen. Iepenbiere rjochtsittingen hiene meast plak yn'e iepen loft, op in ferheging, dêr spesjaal foar makke, Weer oft Weerstal (Upstalbeam?) neamd. Karel ûntnaam de Fryske Adel it frij besit fan erfguod en joech it yn lien. Dy beslissing soe de oarsaak wêze fan de ûnfrede ûnder de Fryske Ealen en harren stipe oan de Saxers tsjin Karel.

Karel soarge dus foar in gruttere ôfhinklikheid en ûnderdienskip fan de machtichste Friezen. Dat kaam fansels troch harren moedigens en militêre kunde, dat wist Karel ek en hie dêr hege achting foar.

 

Op de Ryksdei yn Paderborn soe it beslút nommen wurde om de Saxers en harren helpers, de Friezen mei wapens ta rede en ûnderwerping te bringen. Karel, ek wol Saxenslachter neamd, stjoerde út minselikheid dochs mar in gesant nei de Saxische kriigshearen Wittekind en Albion.

 

Dit om te hearen oft hja de Kristlike Godstsjinst ek oannimme woene. It gefolch wie in folsleine ûnderwerping oan de Franken, oanname fan it Kristendom en ferjouwing as ûnderskikte fan Karel.

De Friezen sluten ek frede mei Karel en tsjinnen noch jierren yn syn leger. Sa waarden de Hunnen (Hongaren) mei help fan de Friezen yn trije fjildslagen oerwûn.

Sa ûnderstipen de Friezen Karel mei folk en skippen yn'e fjildslach tsjin de Wilten (oft Wilzen). No't de rêst yn Saxen en Fryslân ûntstien wie koene de foar Noarmannen en Saxers flechte prekers ek wer werom nei Fryslân. Krekt as Tako Forteman, mar Botte Forteman waard ûnderweis syk yn Keulen en stoar, wylst Feiko Forteman yn Skotlân is fermoarde. De Kening naam wraak op de gearspanners troch se te rêdbraken en harren dernei te ûntholjen.

 

Liudger waard troch Karel (en net troch de Biskop) nei it Eastelik diel fan Fryslân stjoerd. Liudger, de earste misjonaris fan de Friezen, wurd ûnterjochte ek wol de “folbringer fan de kerstening fan de Friezen” nei Willibrord en Bonifatius. Foar seker kin oannommen wurde dat hy foaral syn eigen belang tsjinne. Hy, Willehad en oare reisgenoaten wiene troch Karel de Grutte stjoerd om de Fryske ôfgod timpels del te houwen en de bosken te ûntwijen. It wiene wiere rôftochten en se gongen fuort mei grutte bút. Doe't Liudger letter yn 805 Biskop fan Münster waard, mocht hy fiif Fryske gebieten hâlde. Dêrmei wie de “tsjerklike ienheid” fan Fryslân ferbrutsen. It wie no ferdielt oer de Bisdommen Utert, Bremen, Osnabrück en Münster. Liudger lei nea de Kleastergelofte ôf om't hy foaral hechte wie oan eigen besittingen.

 

Liudger wie eigentlik de apostel fan de Grinslanners en wie rûn 800 misjonaris yn Fryslân en fan de Saksen. Yn dy tiid wie Grinslân, Fryslân, en der wurd sein dat Liudger it wurk fan Willibrord en Bonifatius yn dat gebiet ôf makke hat, mar dat wurd ek wer bestriden. Liudger folge syn oplieding yn Utert en letter noch yn York (Ingelân), yn dy tiid de wichtichste geastlike skoalle fan Jeropa.

 

Yn, om en de by it jier 777 yn âldens fan 35 jier begûn hy syn apostel wurk en it wie fan grut belang dat hy de taal spruts fan de Friezen. Liudger is 67 jier âld wurden.

Ek nei de woarteling fan it Kristendom yn Fryslân blieken die noch altyd in woast en rôfsuchtich aard te hawwen. De legers fan Fryslân koene, nei de oerwinning op de Hunnen en it oerwûne gebiet oant de rivier de Raab, wer mei rike bút op hûs oan, wachtsjend op de folgende oarloch.

Sa ferienige de Fryske Hartoch Ubbo, wenjende oan de Eems, him mei in ploech Noarmannen oft Denen foar in streuptocht yn Ingelân.

 

Nei oankomst yn Ingelân waard mei in diel de stêd York oermastere en twa oare bindes rôfden it lân fan de East- Saxers (Essex) mei in alles ferwoastende en neat earbiedigjende krêft. It Keningsgeslacht fan de East- Saxers is, op ien persoan nei, folslein ferneatige.

De Saxers, hoe faak ek troch Karel betwongen, wiene krekt as de Friezen noch lang hechte oan âlde goaden en harren gesteldheid yn frijheid en ûnôfhinkelikheid. Se kamen yn opstân fernielden Kristentsjerken en ferdreaunen oft deaden de prekers. Allinne Wittekind en syn folk yn it Saxische gebiet bleaunen noch trou oan Karel.

 

De Steedhâlder yn it Elve gebiet, oansteld troch Karel, waard fermoarde en de Saxers stjoerden gesanten nei de Hunnen om harren te warskôgjen tsjin Karel. Mar Karel hie in brêge oer de Donau bouwe litten om dêr mei syn leger oer te gean en it gebiet fan de Hunnen leech te rôven.

 

De Friezen sochten krêft by inoar om sterker te wêzen en sa ûntstiene de San Frije Fryske Seelannen. It wiene sân aparte gebieten lizzend oan see, it earste Seelân lei tusken de Reker en it Flie (is letter West Fryslân wurden), it twadde Seelân wie tusken it Flie en de Middelsee oft it Boarndjip en befette Westergoa, Starum, Gaasterlân en Doniawerstal oft ûngefear de Westlike helte fan it tsjintwurdige Fryslân. It tredde Seelân lei tusken de Middelsee en Lauwers, it eastlik diel fan Fryslân, befetsjend Eastergoa en Opsterlân, Utingeradiel, Haskerlân en Ӕngwirden. De Súdeastlike gebieten as Skoatterlânsk, Lemsterlân en de Stellingwerven foarmen mei it Noardelik diel fan Oerisel en Drinte it Greefskip Islegoa, it Fjirde Seelân. It Eastliker fiifde Seelân bestie út Gooregt, Hunsego, Fivelgo, Het Oldampt, Westerwolde, it Westerkertier en Reiderlân tusken de Lauwers en de Eems.

It sechste en sânde Seelân East-Fryslân, wie it gebiet tusken de Eems en de Wezer wylst de Jade de grins tusken beide wie.

 

It wie mear in ferienings ferbûn fan de Seelannen, tsjin frjemde oerhearskers en Leenheren. Jierliks wie der in gearkomst, eltse earste Tiisdei nei it Pinksterfeest, mei de sân Fryske Seelannen om kwestjes te bepraten en iendracht te befoarderjen. It plak wer as de gearkomste plak fûn neamde men de Opstalbeam.

 

Yn Aurich East Fryslân (Dl) stiet hjoed te dei noch ien. Yn it midden sieten de oanstelde rjochters en dêr omhinne de ôffeardigen fan de Seelannen. As in foarstel goed kard waard dan kledderden se mei de wapens en as it net oan stie oft besprutsen wurde moast, dan grommelen se wat. Alles oerienkomstich de gebrûken fan de âlde Germanen.

 

Yn 793 hie Fryslân wer te leien fan in oerstreaming werby ek wer in protte minsken en fee ferdronken binne. It wetter wie dernei wer gau fuort en it reinde fûleindich sadat it sâlt ek sa wer fuort spield wie fan it lân.

 

Dit joech mar wer oan dat de wetterkearing net folle die en dus nedich ferhege wurde moasten. Sa wie it ek mei de terpen wêrfan guon ek ferhege wurde moasten.

Yn 794 ha de Noarmannen wer húshâlden yn de Fryske kontreien, mar se binne ôfgongen en tige fernedere binne se wer nei harren lân ôfset.

Karel de Grutte hat nochris besocht om de mei in hiel grut leger de Saxers der ûnder te krijen. Dizze kear wie it de muoite net wurdich want se joegen harren fuort oer en smeken Karel om ferjouwing. Karel struts syn hân oer syn hert, mar liet foar de wissichheid wol de jongelingen fan de Saxers ôffiere nei it Flaanderlân. Mar de Saxers wiene hurdlears en begûnen it jier dêrop wer in opstân tsjin de Franken, no waard Karel tige lilk en liet sa'n tritichtûzen mannen delsabelje. Hy liet harren lichem oan beammen lâns de dyk ophingje en guon hollen op staken stekke. Alles wat útnaaie woe waard dea slein. De Friezen holpen Karel by dizze moardnerij om't de Saxers de Friezen in kear stikke litten hat by in opstân tsjin Karel de Grutte. De Denen kamen sa no en dan om by de kust lâns te streupen en de bewenners te tramtearjen mei rôvjen, brânstifting, moard en ferkrêfting. Withoefaak binne de Noarmannen oft Denen ferjage troch de oarlochs boaten fan de Friezen hokker útfarden út Starum, Dokkum oft Ezonstêd dy't dan wer húsholden yn Denemarken en faaks mei sukses. En sa bleau it lang ûnrêstich lâns de Fryske kust.

 

 

Tebek nei Skiednis