Provinsje Fryslân
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Fryske flagge

De Fryske flagge is te wjerkennen oan de 7 banen (4 blauwe, 3 wite) en de 7 reade pompeblêden. Dizze 7 pompeblêden binne symboal foar de 7 seelannen, krekt lykas de 7 blokjes yn it wapen. Yn 1897 waard de flagge troch Deputearre Steaten erkend. Yn 1927 waard de flagge foar it earst offisjeel brûkt op it provinsjehûs. Net earder as yn 1957 is de flagge troch de Steaten fan Fryslân fêststeld en oan de Keninginne ta befêstiging oanbean. En sa sjocht sûnt 1958 de offisjele flagge fan Fryslân der út:

 

 

Wapen fan Fryslân

It Fryske wapen docht weromtinken oan de Midsieuwen. De 7 blokjes ferwize nei de 7 (midsieuwske) seelannen. Dit wiene selsstannige lânstreken lâns de kust fan Alkmaar oant de Weser, dy’t gearkamen yn in ferdigeningsferbûn tsjin de Noarmannen. Yn syn oarspronklike foarm waard it wapen yn 1830 troch it Fries Genootschap as segel brûkt. Yn de jierren dêrnei fûn men it wapen ek op de flaggen werom. Oan it ein fan de 19e ieuw waard dizze Fryske flagge populêr. Mar sûnt 1958 is de flagge mei de pompeblêden de offisjele Fryske flagge. En sa sjocht sûnt 1958 it offisjele wapen fan Fryslân der út: 

 

 

 

 

 

It Frysk Folksliet

 

Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede,

En bûnzje troch ús ieren om!

Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,

It Fryske lân fol eare en rom.

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

 

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,

Oerâlde, leave Fryske grûn,

Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,

Dy't Friezen oan har lân ferbûn.

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

 

Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare

Syn namme en taal, syn frije sin;

Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,

En twang, fan wa ek, stie it tsjin.

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

 

Trochloftich folk fan dizze âlde namme,

Wês jimmer op dy âlders grut!

Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme

In grien, in krêftich bloeiend leat!

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

 

 

 

 

Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2013-2018

 

Op moandei 22 april hat Minister Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes tegearre mei deputearre fan de provinsje Fryslân, Jannewietske de Vries, de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tekene. De ûndertekening wie yn it provinsjehûs yn Ljouwert. De BFTK is hjirboppe yn it Frysk likegoed as yn it Hollânsk te downloaden.

 

Yn ‘e bestjoersôfspraak steane foar de kommende fiif jier ôfspraken dy’t de Fryske taal en kultuer befoarderje op it mêd fan ûnderwiis, media en kultuer. De BFTK is in útwurking fan ferdrachsferplichtings foar de Fryske taal en kultuer oer: it Europeesk hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden en it Ramtferdrach beskerming fan nasjonale minderheden. It wurdt om de safolle tiid opsteld en leit de mienskiplike ferantwurdlikens fan Ryk en provinsje foar de Fryske taal en kultuer fêst. De earste bestjoersôfspraak kaam yn 1989 ta stân en waard twa kear earder by de tiid brocht, yn 1993 en 2001. De BFTK soarget tegearre mei de Wet gebruik Friese taal foar in stevige ferankering fan de Fryske taal en kultuer yn de kommende jierren.

Fryske primeur yn Europa

 

Foar it earst hat de Rie fan Ministers fan de Europeeske Uny offisjele stikken yn de Fryske taal. In Fryske ferzje fan de Europeeske haadferdraggen is 27 septimber 2011 yn Brussel oerhandige oan de Rie. ‘It Ferdrach oangeande de Europeeske Uny' kinne jo downloade.

 

It ferdrach fan Lissabon hat mooglik makke dat Europeeske ferdraggen ek ferskine kinne yn offisjele minderheidstalen. In stikmannich Spaanske regio's makken dêr al gebrûk fan. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat de Fryske ferzje oan de Rie oerdroegen. Hy die dit tegearre mei Pieter de Gooijer, Permanint Fertsjintwurdiger fan Nederlân yn Brussel. Út namme fan de Rie krige direkteur-generaal Reijo Kemppinen de oersetting.

 

 

Hiemside: http://www.fryslan.nl/fy-nl/2/provinsje-fryslan/

 

 

 

Tebek nei Kultuer