Yfke
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Yfke

 

 

 

Yfke is in bôgich leaf wyfke

dochs net sa strak mear yn it fel

mar hja is noch goed by tel

en hat fierder in lekker lyfke

 

Yfke wie net altyd sa krom

har foarkommen t'wie in pracht

mar troch dy swiere foardracht

komt it rjochte net werom

 

nimmen is sa krom as Yfke

it komt troch har stokje want oars

rekket se de grûn mei har noas

mar it bliuwt in aardich wyfke

 

nea ôfkearich west fan mannen

en altiid goed fan sin en gemoed

al dy gekheid is har wol goed

by har is dat yn goede hannen

 

op trije poatsjes stiet hja dêr dan

as âlde mantsjes har roppen gean

“Yfke kom efkes foar my stean”

de âldsjes ha der sa'n wille fan

 

Yfke fynt dat moai en hat gjin brek

hja is “hot” by de âlde mantsjes

sûnder gebrûk fan har hantsjes

makket Yfke de mantsjes gek

 

yn it rêsthûs sprekt elts dêroer min

de froulju kin it mar net ferneare

dat Yfke en de mannen leare

dat erotyk op eltse libbensdei kin.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes