Wy/Sy
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Myn Fryske wêzen.

 

At je opkomme foar je eigen wêzen, je eigen identiteit, grutsk binne op je ôfkomst, wurdt je dat net altyd yn dank ôfnommen. Dan binne je al gau in nasjonalist. Ekstreem wurdt er gauris byhelle en fral diskriminaasje fansels, want dat is krekt Haarlemmer oalje, dat is oeral goed foar om immen in plaatsje op te plakken terjocht oft net. Lêst hie ik in petear mei immen hokker nochal bot belêzen wie sei er.

Ik mocht net al te nasjonalistysk tinke sei er. Dêr binne yn it ferline sokke ferkearde dingen út fuort kaam, sei er. Wy moatte mear wy tinke en net sa sear wy en sy. Neffens my is dat in gedachte fan jierren ferlyn, mar it sit der noch goed yn by lju hokker doe studeard ha oan universiteiten en ûnder amtners. It is der eartiids yn stamt en net sûnder resultaat. It sil allegearre wol fanút in goeie gedachte komme mar it is al foar in grut part efterhelle.

 

Wêrom soe ik net foar mysels opkomme meie, foar myn taal, myn kultuer en it behâld dêrfan. Dy wurdt no oerwâlde troch in oare taal dy't wol in wy gedachte ha, mar net mei ús wy gedachte. Hawwe dan de “minderheids” folken/talen dan hielendal gjin besteansrjocht mear? En wêrom mei ik net in wy gedachte ha. Wat is dêr mis mei.

Ik fiel my in oprjochte Fries, mar miskien mei ik dat ek net sizze. Dat sil ek wol te folle wy gefoel wêze. At it Nederlânsk âlvetal in wedstriid wint dan hat elts yn Nederlân dochs ek it gefoel dat wy wûn ha?

 

At der nasjonalistyske trekjes bykomme, dan is dat ferkeard, sei er. Mar wat is nasjonalistysk? Je meie eigentlik net by in groep heare want dan kin in oar by in oare groep heare wolle en dan ha wy de poppen oan it dûnsjen. Dan komt dêr dus skynber dat wy en sy gefoel fan.

 

De Indianen en Aboriginals witte dêr alles fan, en de Joaden net te ferjitten. Yn'e skiednis binne tal fan foarbielden te jaan dat it ferkeard ôfrûn is oan wearskanten. Ik bedoel foar wy mar ek foar sy. As dan dochs de oarloch der by helle wurde moast as foarbyld hoe't it net moast, dan is dat ferkeard om reden dat wy dan ek ferkeard wêze soene.

Wy soene de fijân dan ynhelje moatte mei de wy gedachte en hiene wy no Dútsk west.

 

Ik bin in Fries en wol graach opkomme foar myn taal en alles wat Friezen Frysk, en Fryslân Fryslân makket. At in oar folk dat ek dwaan wol, mei dyjinge syn/har foarkar dan is my dat wol bêst. Mar om de twadde wrâldkriich dêr dan fuort by te heljen giet my fierstente fier.

 

Je moatte alle minsken as in yndividu besjen en op syn oft har kwaliteiten hifkje. En net op syn/har geloof oft komôf en/oft de kleur fan syn/har hûd, sei er. Dêr hat hy gelyk oan fansels, oft ik ha dêr gelyk oan, want dat wie myn miening ek al.

 

Moai en aardich mar as der in gast yn myn hûs komt en fan myn gesin easket dat wy syn gewoantes en sa oan nimme moatte dan hoech ik dat dochs ek net te akseptearen? Dat jild dochs oarsom wol! At dy persoan yn myn gesin wenjen bliuwt, dan mei ik dochs wol myn hûsregels oan dy jinge foarlizze en ferwachtsje dat hy/sy him/har dêroan oanpast?

 

It is sa tsjinstridich. Oan de iene kant mei ik net foar mysels en myn húsgenoaten opkomme en oan de oare kant hoecht dy oare my en myn gesin net te respektearjen. Wat as dy "frjemde" yn myn nêst my net respekteard?

Boppedat as jo hikke en tein binne en fan âlds út Fryslân komme, dan binne jo in Fries. Jo binne en wurde nea in Sinees ek al wenje jo dêr 50 jier oanien, sprekke jo te taal en binne jo trout mei in Sineeske frou. Sa is it omkeard ek fansels. Jo "roots" heare by jo sa as jo DNA jo wêzen is. Sa is dat ek mei minsken om utens hokker hjir wenje wolle. Hoenear binne se dan in Fries. De bern, de berns bern, de berns berns bern? Oft bliuwt it in "eigen" folk op in frjemd plak. At der net mingt troud wurdt en hja har net oanpasse (taal/kultuer) dan sil dat lêste altyd sa bliuwe tink ik. Bekende frjemden. Sigeuners witte dêr wer alles fan.

 

As ik net foar my sels opkom, in oar docht it dochs net, dan bliuwt der neat fan my oft myn wêzen oer. Dan is, en dat is tink ik dochs net mear te stopjen, aanst myn Fryske taal ferdwûn. Myn lân yntegrearre yn oare provinsjes, en is it lêste stikje identiteit wat ik noch hie ferlerne tiid.

 

Nederlânsk sprekkende minsken binne hjir kommen te wenjen, en dêr kinne je ek net op tsjin wêze fansels, mar se wiene en binne net fan doel om de Fryske taal oer te nimmen. Yn myn eagen in djip minachtsjen foar ús en ús taal en dus foar my. Sa fiel ik dat. In oarloch hoecht dêrfan net te kommen, mar it is in oprjochte Fries wol yn'e wei fansels. Wol it foargeande no sizze dat der gjin wy sy gefoel is? Is it net sa dat de iene Frysk praat en de oare Hollânsk? Mar ien fan'e beide hâldt bewust ôfstân yn myn optyk. Mei oare wurden do past dy mar oan my (gast) oan. En dat dogge de Friezen dus. Hollânsk prate wylst it net needsakelik is. Dêrmei harren identiteits ûndergong helpjend.

 

At der yn in doarp fan sa'n 1500 ynwenners in "frjemd" komt te wenjen sil dat net al te bot opfalle en sil dyjinge al gau opnommen wurde yn'e mienskip. Dy persoan sil dêrby wol in ynspanning leverje moatte fansels. Mar it is syn/har kar om dêr te wenjen en dus binne dat de konsekwinsjes dêrfan. Mar at in hiele kloft minsken yn sa'n doarp del strykt, dan sil de oandrang om oan te passen net sa, oft minder, grut wêze.

 

De gasten ha dan it wy gefoel neffens my, en dat is wat wy no just net ha meie, teminsten neffens dy jinge wêr ik mei spruts. Hoe skeef kin it wêze. Wy moatte ús sels fuort siferje, fuort mei ús dus. It binne ek de minsken, oarspronkelike Friezen, hokker harren bern yn de Nederlânske taal opfiede hokker my steure. Ik fiel my ferret troch sokke minsken. Ik kin der neat oan dwaan mar soks is alhiel te gek foar wurden, mar it bard.

Yn in lyts hoartsje tiid fan myn libben is der in soad feroare en ik kin net sizze dat it der better op wurden is. Wy sjogge wol wat de takomst bringt.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes