Winterskoft
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Winterskoft

 

As yn'e hjerst de natoer in tarieding makket op it winterskoft,

de fûgels al ôfskie nommen ha en nei't suden flein binne,

dan kin Kening winter it mar oernimme as it him bileavet,

en kin hy ús mar gauris driigje mei sa'n grauwe snieloft.

 

Inkeld is der in âlderwetske winter, sa as op âlde skilderijen

mei iis yn'e sleatten, mei sniebulten en rikjende skoarstiennen,

de ripe oan'e beammen en iispegels oan'e daksgoate,

dy bylden ropt it faaks op mei kryst, as it dan begjint te snijen.

 

De natoer is dan moai en smûk mar net foar it bistegerak

as jo sjogge nei it readboarstke, de swartkopke's en oaren,

wylst it measte fleanend guod nei waarme oarden gien is,

is dêr foar de efterbliuwers hast gjin fretten en gjin skûlplak.

 

At der dan in protte snie leit, ha hja it tige krap en is't in swier lot,

guon minsken tinke dan om'e natoer en hingje wat te fretten op,

oan in vetbaltsje pikke of oan nútsjes en dochs noch honger,

kâld, iensum en allinne, ynien dûkt en stil, in proai foar eltse kat.

 

Wy minsken sitte dan lekker yn'e waarmte en ite ús it soer,

as sa'n lyts en tear bistke mei syn as nudles sokke tinne poatsjes

yn'e snie stiet, sa kwetsber en tagelyk sa sterk, him sels rêde moat,

dan stean ik altiid wer fersteld, fan it wûnder yn'e natoer.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes