Winsken
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Winsken

 

Sa lyts en och sa leaf

en in hiel grut wûnder

in prachtich nij libben

foar ús hiel bysûnder

 

dat dit noch jonge libben

it goede foar eagen hâldt

in eigen plakje fine mei

yn disse eigentiidske wrâld

 

it gelok ûnderfine sil

de sûnens hat as rykdom

en dan wurde mei

ta folsleine âlderdom.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes