Underweis
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Underweis

 

 

Ik bin al hiel lang op reis

want ik bin altyd ûnderweis

en kin mij oan gjin stekje bine

ik kin it nearne net fine

ik snap ek net hoe't it kin

dat ik wêze wol wêr't ik net bin

 

as ik mei fakânsje gean

dan wol ik nearne lang stean

it is mij ek net gau nei 't sin

't is krekt as bin ik op 'e rin

ik snap ek net hoe't it kin

dat ik wêze wol wêr't ik net bin

 

ik woe wêze as in brodske hin

ja, myn jachtsjen is in dikke min

ik ha ek al hiel wat froulju hân

want ik flean troch it hiele lân

ik snap ek net hoe't it kin

dat ik wêze wol wêr't ik net bin

 

as wy ris nei famylje gean

mochten hja der op stean

wol ik sa wol wer fuort rinne

dêrom gean ik der nea mear hinne

ik snap ek net hoe't it kin

dat ik wêze wol wêr't ik net bin

 

de dokter sei tsjin mij in kear

dizze sykte docht net sear

wês dêrom dus mar bliid

al is't wol lestich op syn tiid

hij snapt ek net hoe't it kin

dat ik wêze wol wêr't ik net bin

 

mar as ik yn myn stamkroech sit

en mij fol mei bier rinne lit

ferjit ik alles en fyn ik alle rêst

en meastentiids bliuw ik dan oant lêst

ik snap ek net hoe't it kin

dat ik dan wêze wol wêr't ik bin.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes