Twa klompkes
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Twa Fryske klompkes

 

Twa klompkes, in loftsen- en in rjochtsenien

binne lêsten makke en dat ha se mar moai dien.

Foar de berte wennen se trije beammen faninoar ôf

dêr’t harren woartels noch lizze, yn it hôf .

 

Mar langstme ha se dêr net nei, it is gjin gemis

en hja binn’ beide út it goeie hout snien, dat is wis .

Op harren liif moaie reade bledsjes

en op dizze klompkes lykje it wol hertsjes.

 

Nij, noch mei in toutsje ferbûn mei-inoar,

want oan de iene ha je neat sûnder de oar,

In twaling ûnôfskiedlik en iens oer elk beslút,

ja, harren noas stiet altyd deselde kant út

 

en hja rinne fansels altyd kreas njonkeninoar

dan de iene en dan de oare in bytsje foar.

Op de ein fan harren libben binn’ hja âld en fersliten

en wurde brûkt foar brânje of samar fuortsmiten.

 

Gjin tankjewol of eareplakje mei moaie blomkes,

nee, dêr stiet samar ynienen in nij pear klompkes.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes