Túnkjen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Túnkje

 

folkstúntsjes

túntsjes foar it folk

om de lytse man

it gefoel te jaan

fan in heareboer

 

om wat kost

foar de húshâlding

byelkoar te rispjen

en meast is dat

in hiele toer

 

it plantguod

djoer oankeapje

en it nedige sie

de hier is heech

dêr begjint it al mei

 

gauris boarne

sproeie en wjudzje

slakken, rûpen, luzen

’t is net altyd maklik

soms de wanhoop nei

 

net mei fakânsje

dêr is gjin tiid foar

der is altyd wol wat

as de túnker fuortgiet

giet it grif ferkeard

 

in protte wurk ferset

en as it slaad klear is

dan is der oerskot

en leit it yn ’e winkel

hast foar neat

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Fertelstsjes