Trientsjes
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Ik gûl dyn trientsjes wol

 

Do bist noch sa lyts

myn leave lytse mantsje

ik bin och sa wiis mei dy

myn kostber diamantsje

 

troch pine yn dyn bûkje

ropst gauris help fan my

trientsjes komme noch net

mar dy gûl ik wol foar dy

 

as't sa leist te sliepen

yn dyn widske sa foldien

dan bin ik grutsk op dy

sa leaf as dy is der gjinien

 

wat de takomst dy ek bringt

en do kinst it efkes net fine

dan gûl ik de triennen

foar dyn fertriet en pine.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes