Trees
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Trees

 

Se wiene sa bliid mei lytse Trees

it wie och sa'n leave poppe.

Mar Trees is hiel bysûnder

teminsten, dat is wat se roppe.

 

Op skoalle waard se útlake

want se hat seis fingers oan elke hân.

Dêrom skelden de bern har út

want seis fingers, dat is net gewoan.

 

In pink, fjouwer fingers en in tomme

dat wie it praat wert Trees ek kaam.

Ek de jonges hiene it der oer

en dat is net leuk foar in jong faam.

 

Trees sit net mei al dy swierrichheid

en se sille har net sa gau mear peste.

Se komt oeral en is wrâld ferneamd

want Trees kin piano spylje as de bêste.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes