Tomke sûge
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Tomke sûge

 

 

heit sobbet op syn sigaret

en ik sûch op myn tomme

heit seit dat ik dat net dwaan mei

wat moat der fan sa'n jonge komme

 

mar smoken is dochs dommer

allinne fynt myn heit dat net

aanst is hy der syk fan

en dan is it faaks te let

 

ik ha al besocht om te stopjen

moster der op dat helpt sei heit

of in pleister kin ek wol

hy tinkt dat it oan my sels leit

 

it giet sûnder erch

myn tomme docht dat automatysk

hy giet samar yn myn mûle

en no is't yniens problematysk

 

sels kin hy net stopje mei smoken

wat sil hy my no fertelle

tomke sobjen kostet neat

en heit hat al in skat betelle

 

at heit ophâld mei smoken

dan hâldt ik ek op

dat hat in wike duorre

en dy wike wie net sa top

 

myn heit smookt wilens alwer

foar de safolste kear

hy moast it sels mar witte

mar ik, ik tomke sûch net mear

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes