Tjirmjende geasten
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Tjirmjende geasten

 

 

âlde kwea geasten

in moardner oft trije

moetsjend yn tsjustere hoalen

 

jankjend en raasend

kâlde iiswynen troch alles hinne

fielend as gleone koalen

 

"it is te let" rôp ik ,

"jim ha jim siel ris oerjûn

no sil it jim berouwe,

 

ús wûnen noch iepen,

tjirmje jim no mar wei

oant wy jim ferjouwe"

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes