Oer it libben fan Teakele
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

It libben fan Teakele

 

 

Ik wit wol de measte minsken ha neat mei spinnen, mar ik wol jo myn fisy op myn en jo libben net ûnthâlde. Myn namme is Teake en hear by de grize hûsspinnen, myn wittenskiplike namme is Tegenaria Domestica, (it is mar dat jo dat witte) en bin famylje fan de trechterspin Agelenidae, sa dat is der út. Dat hiene jo net tocht héh? dat ik dat witte soe.

 

Foarop steld dat jo skitene benaud foar my binne wol ik dochs besykje om in bytsje sympaty foar my te winnen. Ik ha net in hekel oan my sels,

mar sa maklik ha ik it net. Gean mar nei, ik wurdt altyd mei de nekke oansjoen en dêr ha ik skjin myn nocht fan, sa'n beroerden ien bin ik echt net. As ik jo freegje soe wêrom at jo benaud fan my binne, soene jo net iens in goed antwurd ha, tink ik. Ik doch echt gjin minske kwea. Dat dêr minsken binne hokker fan my grouwelje kin ik net by en dy minsken misledigje my djip at jo dat mar witte.

 

Dagenlang sit ik op myn plakje te wachtsjen oant dêr wat yn myn webke fljocht. En wat ik dan fang is ek noch goed foar jo, want ek dêr ha jo meast in hekel oan. En at der dan sa'n mieserich migje yn fljocht jout dat wol in mieltsje, mar noch lang gjin folle mage. Inkeld ha ik in lekkere soppige mich en kin ik efkes foarút.

 

Somtiden duorret it wol lang hjer eart der wat yn myn web fljocht, en wit jo wat it is, at it webke âld wurd dan moast der nedich in nijen ien komme want dan wurket it net goed mear, it plakt net mear sa goed sil ik mar sizze. Mar ja wert it iene sit kin it oare net sitte. Dus bin ik tige ôfhinklik fan jo. Binne jo skjin, oft binne jo in slonske, it makket foar my dei en nacht ferskil. Dat wisten jo net, seine jo? Ik sil it jo wol oars fertelle, hoe skjinner at jo binne hoe leaver ik it ha.

 

Opromje dy âlde rommel, dan kin ik wer in nij webke meitsje en is de kans dat ik wat fang folle grutter. Hiel inkeld dan hinget myn libben oan in siden triedsje. At se alris oan it húshimmeljen binne, hast noait dus, dan is dat wol wat noedlik foar my.

 

Dan moast ik sjen dat ik wei wurd oars bin ik samar in deade spin. Lêsten wie it ek hast sa fier. Ik moast my fûleindich fest hâlde oars hie Teakele yn'e stofsûger sitten, in nachtmerry foar in spin. Oan't no ta is it dus altyd goed gien en sa sit ik no wer te wachtsjen op myn moarns, middeis en jûns miel, wat mar net komt.

 

Wylst ik dan sit te wachtsjen hâld ik ferhannelingen oer Goethe en oft Freud yn my sels fansels, mar dat sil ik jo yn dit kader mar besparje. Krekt as myn amoreuze moetingen, dêr ha jo ek neat mei fan dwaan. Jo hoege net te witten dat ik wol ris in útstapke meitsje nei de oare hoeke fan'e keamer en dat dêr in leidich ding sit. Noch net sa lang lyn is hja dêr kommen en ik moast sizze ik kin myn seis eagen hast net leauwe, sa moai at se is. Nachts sjoch ik wol ris efkes by har en dan giet it deromwei, mar dat hoech ik jo net te fertellen. Ik ha har al oanbean om gear te wenjen mar dêr is hja te selsstannich foar seit se, no ja dan mar net, dan bliuwt Teake dochs lekker allinne yn syn eigen herne.

 

It is oars alwer in skoftke lyn dat it hjir skjin makke is, en it is no wol heech tiid dat dat bard tocht ik sa. Dizze minsken binne net sa skjin, mar om no te ferhúzjen, dêr sjoch ik ek tsjin op en boppedat wêr fyn ik sa'n leidich wyfke as dêr yn'e tsjinstelde hoeke.

It binne allegearre dingen hokker it libben swier meitsje kin. Mar ik jou my der net oan oer, en wachtsje rêstich ôf. Ik ha altyd Goethe en Freud noch om my yn te ferdjipjen yn iensume oeren. Hjirmei hoopje ik dat jo jo in bytsje yn my ferpleatse en ynlibje kinne sadat jo no in oar byld fan my ha. Jo hoege my fuort net te aaien, want dêr hâld ik net fan mar it soe al moai wêze as jo wat minder apaty foar my ha soene. En dêr rekkenje ik eigentlik wol in bytsje op earlik sein.

Mei freonlike groetnis fan Teakele.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek Nei Ferteltsjes