Tarapy
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Terapy

 

trijenfjirtich jier ha hja byinoar west

fromme Durkje en grouwe Minne

mar de lêste tiid giet it net sa bêst

en dat sil sa net bliuwe kinne

 

alle dagen wer is der getsier

ta let yn'e jûn is it hommeles

hja ha gewoan te min fertier

derom sil Durkje op motorles

 

it bryfke hie se samar helle

en dat hie Minne net tocht

no sille se in motor bestelle

learen klean ha se alfêst kocht

 

hja binne no alle dagen fuort

en 't is fan fieren te hearen

as Durkje de gas iepen skuort

hat Minne de fingers yn'e earen

 

as giet it oer Amsterdam of Oss

Durkje stjoere en Minne efterop

en mei deadskoppen op 'e jas

bloeit de leafde wer hielendal op

 

no ha hja beide de selde tik

fan rûzy is gjin sprake mear

al lykje beide net goed snik

harren terapy is no wol klear

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes