Suteljen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Sutelje

 

frjemde lju by de doarren lâns

eartiids wie dat hiel gewoan

mei bakfyts oft hûnekarre

de opbringsten wiene krapoan

 

men koe mei in bytsje ta

net opjage troch tiid oft hafsucht

mei elts in praatsje meitsje

sa naam it gerucht ek in flucht

 

Lolke sutele ek syn negoasje

syn bedriuwsark, in kêde en karre

troch it net bedriuwssekere span

wisten se beide net wer it bedarre

 

hast gjin tosken mear yn'e mûle

troch eardere ûngelokken

want it reau wie gauris op'e rin

jo hearden him fan fieren flokken

 

it hie wol wat doedestiids

noch net troch reklame bedoarn

oft troch tillefoan en tillevyzje

men wie gewoan noch, hiel gewoan

 

tsjintwurdich sutelt eltsenien

by de winkels lâns, anonym

gjin tiid foar in praatsje

haast en tiid is in synonym

 

it ferskaat mei doe is grut

it wie simpel en oersichtlik

no bespioneerd, en in nûmer

en dat is dochs ferskriklik

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes