Sûnder dij
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Sûnder dij

 

 

Sûnder dij om mij hinne

fiel ik mij allinne

sûnder dij bin ik neat

en giet alles ferkeart

sûnder dij is alles foarby

want ik kin net sûnder dij

 

Sûnt ik mei dij yn'e heabult lei

bin'k fan slach en wol dij as frou

goekunde en famylje nim se mar mei

ik kin alles misse as ik dij krij

al moat ik sûnder sliep fuortoan

mar wat moat ik sûnder dij

 

Yn de leafde wol ik alles jaan

wierlik alles ha ik der foar oer

wat ik ha kin ik wol fuort dwaan

myn dreamen, myn jild, myn kij

de sinne en moanne kin'k wol misse

mar wat moat ik sûnder dij

 

Sûnder drinken it is in wûnder

de kroech kin mij stellen wurde

myn auto, der kin ik wol sûnder

myn fyts dy krijst der bij

en as it moat kin ik sûnder iten

mar wat moat ik sûnder dij

 

Ik soe wolle dat it sa fier wie

das't myn frou bis't foar it libben

no is alles weijûn wat ik hie

mar do krijst myn hert fan mij

dat kin ik dochs net hâlde

want ik kin net sûnder dij

 

Sûnder dij om mij hinne

fiel ik mij allinne

sûnder dij bin ik neat

en giet alles ferkeart

sûnder dij is alles foarby

ik kin net sûnder dij

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes