Striid
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Striid

 

Foar de dea bin ik net bang

nea bang sa lang as ik libje

al wyt nimmen krekt hoe lang

lang en sûn, dêr sil elts nei stribje.

 

Foar de duvel bin ik ek net bang

ek al wrakselje ik mear mei God

en jei ik Him gauris op stang

de duvel is foar my gjin gebod.

 

Foar God bin ik net it bangst,

mei de duvel ha ik alle dagen te krijen,

wa bestriidt ik eigentlik it langst

troch dizze striid is it alle dagen lijen.

 

Foar it libben bin ik wol bang

ferskuord troch ûnrjocht op'e wrâld

yn myn hert immer de drang

om waarmte, mar is te faak te kâld.

 

Foar de minsken bin ik banger

los fan God, kâldens mear en temear

en it is earmoedich en wranger

te witten dat ik dêr ek by hear.

 

Foar hjirnei gjin freze en bin ik net bang

dan sil ik rêst fine yn myn dea

sil it wêze as immer sûnder twang

dan bin ik frij, sa as yn myn bea!

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes