Strân
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Strân

 

Ik wol mei dij nei 't strân

't is al efkes lyn

te rinnen hân yn hân

yn 'e hurde wyn

do rûnst der mei dyn hûn

ik spruts dij samar oan

it gelok haw ik doe fûn

bij stoarm op it strân

 

hieltyd at it waait

tink ik der immer oan

wert it foar mij om draait

en wol ik mei dij nei 't strân

sa as de aller earste kear

dat ik dij der seach

ek al wiene der folle mear

'k hie foar dij allinne each

 

no is't allegearre dien

do kaamst oan dyn ein

it is sa hurd gien

ik wie alhiel ferslein

as ik allinne rin op't strân

fiel ik noch ús bân

ik lûk in hert yn't sân

en fiel dyn hân yn myn hân.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes