Stelle
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Stelle

 

 

Myn freon sit op it plysjeburo

hy hat in appel stellen by de grienteboer

en dêrby is hy snapt

wy as maten fûnen dat wol stoer.

Syn heit en mem

tochten der hiel oars oer,

hja skammen har dêrfoar

want in appel is net sa djoer

as hy in appel ha wol, sei syn mem,

dan kin hy dy wol fan my krije

dêrfoar hoecht Bauke net te stellen.

Myn heit sei, “Froeger koe dat wol lije

wy pikten in appel of in par en soms

in prom by immen út it hôf,

stikem by in oar fan'e beam helje.

Wy seagen dat net as rôf

'hofkesjongen', sa neamden wy dat,

en as de eigner kaam, dan gau útnaaie

ûnder it stikeltriet troch.

Mem moast de skuor yn'e broek naaie

en dêr hie mem gjin muoite mei”.

Myn heit wie dus net folle better

hy fertelde der no wol leuk oer

mar wat dat no mei dat sjongen

te dwaan hie en mei de grienteboer,

dat is my nea dúdlik wurden.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes