Stamboek Fries
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Ik bin in stamboek Fries

 

 

Ik bin in stamboek Fries

in jonge fan'e klei

op myn heitelân fereale

ik gean hjir nea wer wei

 

heit en mem dy binne skieden

hja ha in LAT relaasje

dat wurdt ek nea wer oars

yn disse sitewaasje

 

myn heit stiet foar 't “hofke”

myn mem by Grienegreide

ik kin der mar net oan wenne

want ik hâld fan allebeide

 

ús heit en in swarte ko

wa hat it ea betocht

dêr kin ek neat fan komme

dat is dus wol fertocht

 

oft hja wol ris frjemd gean

it is ek hiel apart

ik bin sa'n wite jonge

en ús mem dy is swart

 

hy stiet altyd yn'e selde hâlding

ús heit yn't strakke pak

syn skonken sitte fêst

en komt dêrom net fan't plak

 

hy giet noait ris nei ús mem

ús heit is ek sa'n stive fint

foar ús mem is't wol spitich

dat hy dêr net ris hinne rint

 

ús mem hoech ik net te sykjen

dat stiet foar altyd fêst

ik wyt altyd wert se is

dat jout in protte rêst

 

eltsenien hâld fan ús mem

dêr kin ús heit net om hinne

want hy kin gjin rûntsjes draaie

fandêr dat se LATTERS binne.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes