Smoor
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

SMOAR

 

 

Ik bin sa gek as in doar

men seit dat ik net spoar

en fynt my och sa goar

want ik sûp my altyd smoar.

 

Ja, ik bin in grutte sûplap

dat meie jim wol witte

ik ha in ûntigelike toarst

en kin it sûpen echt net litte

in liter is foar my in gleske

ik ha gewoan gjin mjitte

al myn jild giet dêr oan op

mar dêr kin 'k net mei sitte.

 

Ik ha meast in droege bek

dat is dochs net gewoan

mar dat hat altiid al sa west

myn kiel is alhiel bedoarn

om't ik sa'n grutte sûplap bin

ik sûp der meastentiids tsjinoan

en seit myn eigen kroechbaas

brûk dochs dyn ferstân.

 

Jûns dan nim ik noch in pear

dêr fan ha'k de measte skea

want dan krij ik pine harsens

dokter sei "do sûpst dy dea"

mar hoe kin dy man dat witte

want ik ha in sterke lea

ik sei: "leaver dea dan toarst"

en toarst dat ha ik no nea.

 

Ik bin sa gek as in doar

men seit dat ik net spoar

en fynt my och sa goar

want ik sûp my altyd smoar.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes