Smoken
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Smoken

 

Dit is in brief dy ik fûn ha tusken âlde paperassen en wer as hij weikomt wyt ik net mar hij is skreaun troch in studint oan syn professor.

 

Achte, woledelgelearde hear,

 

Jo sille it my fêst net kwea-ôf nimme dat ik jo lestich fâl mei dizze brief. Ik bin namentlik fergetten om jo in probleem en oplossing oan te dragen ten tiide fan ús petear doe't wy it hiene oer de folkssûnens. Dit is kommersjeel sear oantreklik.

It probleem is jo wol bekend en de oplossing sil foar jo ek net al te folle muoite kostje.

 

Hingje dit net oan 'e grutte klok want dit is noch in geheim en geheimen binne geheim sa as jo witte. Der wurdt de lêste tiid in protte skreaun oer smoken en de skealike kanten dêrfan. Mar der sit ek plesierige kanten oan en dêrom kinne minsken it mar muoisum litte.

 

Der binne minsken dy 't mei it litten gjin muoite ha mar ik kin in gefal

hiel tichteby wêrfoar dizze oplossing/útfining in útkomst wêze soe.

Der soe namentlik in skjinmaak middel komme moatte, en dat liket mij

wol mooglik, hokker de swarte substânsje wat sich op it membraam fêstset los te weakjen. Dat middel soe ferkeare moatte yn in foarm sadat it opsnúfd wurde kin om fia de loftwegen de pulmones te beriken wêrnei it weakjen begjinne kin.

 

De oploste en ôfbrutsen tarre soe dan ferwidere wurde kinne fia it

sputum ek al sil dit net in gewoane kleur ha, om fan de smaak mar net te sprekken mar it jout yn eltsengefal ferromming.

De kreftiche reiniging mei net ontierde yn in ferskrompeling fan de pulmones wêrnei dizze mei de swarte substânsje nei bûten komt. Mocht it net op in spontane wize mei it sputum nei bûten komme wolle dan stel ik folgjende foar. Yn dat gefal soe in smoker per dei bygelyks in heal oerke op syn kop stean oft hingje moatte om op dy wize in delgong krêft foar de te ferwiderjen troep te bewurkstellen om it er dan oraal út komme te litten.

 

In opfangblikje soe foarhannen wêze moatte, in great blik foar in grute smoker en in lyts blikje foar in lytse smoker.

De smookjende froulju wurde fersocht in brûk oan te lûken eart se op'e kop stean gean en oars soe dit op in yntym plakje barre moatte.

It soe goed wêze om de tiid, dat men op'e kop stiet oft hinget, hokker dêrfoar útlutsen wurde moast, wetlik fêst te stellen fan bygelyks 18.30 oere oant 19.00 oere jûns.

 

It soe namentlik yn ús lân mar in ferwarrende tastân wurde as elts mar op in willekeurige tiid op'e kop stean giet. (yn'e winkel, op kantoar of foar de klas ensfh.)

It bield op'e tillevyzje soe dêr dan ek rekken mei hâlde kinne en der kin dus rûn dy tiid ûndersteboppe útstjoerd wurde.

In kursus oer smoken en alle foardielen dêrfan soe dan wol oanbefelensweardich wêze.

Foar de âldere smokers hokker net sa linich mear binne sil dan in

oare oplossing fûn wurde moatte. Ik stel foar om dy âldsys oan

de ankels op te teakelje en sa kin se dan eltse dei 30 minuten hingje om út te lekken. Dy minsken hokker it fertikje om te smoken soene dit wurkje op harren nimme kinne.

 

Dit alles, waarde professor, soe omsyld wurde kinne as it, earder

omskreaune wize, earder oan it deiljocht

brocht wurde kin n.l. fia it spontane sputum. Dit is echter ôfhinklik fan it te brûken reinigings middel. Betink ris hokker geweldige takomst mooglikheden as jo krije wannear jo sa'n middel as útfiner op'e merke bringe soene.

De fabrikanten hokker it smookgenot op'e merke bringe, soene ek in grutte expansiemogelikheid ha.

Ek fan dy kant soene jo finansjeel gewin hawwe kinne mids goed útspile fansels. Tink ek oan de geweldige kosten besparring dy dit ha kin op'e siektekosten, mei oare wurden de ekonomy sit gewoan te wachtsjen op in middeltsje fan jo.

 

Stel jo foar dat jo de ear krije dat jo jo meiwurking hjir oan jûn ha. Wy mei dit etysk besjoen net op syn berin gean litte, en binne derhalve ferplicht om ús folle gearwurking hjir oan te jaan om teminsten yn dit stadium in sa goed as mogelik resultaat te krijen.

 

Dat in middel sa as hjir omskreaun noch net te krijen is, is ûnbegryplik en in teken dat medisy earst sjogge wer as in kwaal weikomt om fan dêr ferfolgens de oarsprong te bestriden. Lit ús dit

omkeare en fan in siektebield sil gjin sprake mear wêze. Dit echter net tsjin de wittenskip yn om foar elts siektebield wat út te finen fia de eksperimintele wei.

Wol bêste professor ik hoopje fan jo in posityf en deugdlike reaksje te krijen en sjoch de gearwurking mei jo yn fertrouwen temjitte.

Rju achtinge.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes