Slach by Warns
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Liet fan 1345

 

 

by Warns dêr wenne in faam

wie sljocht op har earste leafde

mar doe't de fijân dêr kaam

moast hy ek stride foar syn lân

se woe leaver net dat hy focht

op dy kâlde septimber moarn

 

ûntreastber ropte se him nei

gean net by my wei myn leafste

se wachte mear dan in dei

en úteinlik fûn se de moed

doe socht se tusken de deaden

mar de grûn wie sêd fan syn bloed

 

se swaaiden en fochten

mei swurden en spearen

de mannen fan Fryslân

tsjin Hollânske hearen

dy kamen yn kloften

sa waarden wy útput

de fijân te machtich

mar ús eare wie grut

 

se skriemde dagen fan fertriet

koe it ûnrjocht net ferneare

dat har feint syn libben der liet

net wist fan de komst fan syn soan

in soan moast syn heit no misse

want dy focht en stoar foar syn lân

 

de faam wie tige brutsen en skeind

troch smert en ûnrjocht ferwûne

en om de leafde foar har feint

gong se der alle dagen grif

mei har lyts jonkje op'e earm

nei in grêf neiby it rea klif

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes