Skytbûtse
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Skytbûtse

 

Der sille net in protte minsken wêze dy't witte wat skytbûtsen betsjut, lit stean dat der noch guon binne dy't it wolris dien hawwe oft dogge. It is ien fan de talrike wurden dy't wy net mear brûke en dy’’t út ús moaie Fryske taal ferdwine. En ik moat tajaan dat dat yn dit gefal ek net oars kin. It wurdt nammentlik net mear dien. Eartiids moast ik fan ús heit, as ik frij wie fan skoalle û.o. skytbûtse. Dat moast elke kear as de kij wer nei in oar stikje greide ferweide wiene. Op it keal fretten stik greide hiene de kij rûnom skiten fansels en dat joech pôlen, saneamde geilbosken. Om dat foar te kommen moast ik dus skytbûtse. Net it moaiste wurk, mar ik die it dan mar, want it moast ommers fan ús heit. It hold yn dat ik mei in spesjale rûne foarke de efterlitten stront fan de kij útinoarren bûtse moast. De jongste plakken, dy't noch farsk wiene, woene wol bûtse en dan fleach de stront witwêrsanne. Mei de âldere skytplakken hie ik mear muoite, want dy wiene wat útdroege en dan woe dat net sa bêst. As nei it skytbûtsen it lange gers fan de bosken meand waard en keunstdong oer it lân struid waard, koe it gers mar wer waakse. Tsjintwurdich dogge se dat mei grut ark en is it de muoite net mear. Sa wie it doe en no is no, dêrom dat it wurd skytbûtsen út de tiid is en net mear brûkt wurdt.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes