Skema
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Skema

 

 

Sa no en dan kom ik wol ris by myn muoike om in bakje kofje. It is wol gesellich en hja fynt it wol moai as der immen komt. Sels hat se gjin bern en dêrom fyn se it moai as muoikesizzers efkes lâns komme. De lêste kear dat ik dêr wie kaam, sa as foargeande kearen, nei it tredde bakje de flesse op tafel en krij ik in buorrel as ik dat wol. No dêr ha ik gjin hekel oan dus dat slaan ik net ôf.

 

Myn muoike nimt dan sels ek in gleske as wat en dan komme meastal de ferhalen by har boppe. Sa fertelde se dat in muoikesizzer fan har ek krekt lyn west wie en dat se oer har noch in ferteltsje hie. Se sei, doe't de muoikesizzer noch in jongfaam wie krige hja ferkearing, se wiene beide noch net sa âld, mar hja pasten goed by inoarren. Nei ferrin fan tiid wie it sa goed dat se ek by inoarren sliepe woene.

 

Earst de wykeinen om en om, dan by it famke har âlders en it oare wykein by de jonge syn âlders. Mar dat foldie sa goed dat it al gau de hiele wike waard. Efternei freegje ik my ôf of dat wol goed wie hjer, sei myn muoike, sa jong en dan al by inoarren sliepe, ik wyt net. Nei ferrin fan tiid hiene de jonge lju in skema sadat elts ûngefear wist wêr as men oan ta wie. Dat hat sa mannich jierren west en der kamen wat skeve gesichten, want de jonge lju sliepten trije wike by de iene en mar ien wike by de oare. Dat wie, sa seine hja, om't der by de iene mear romte is as by de oare. Myn muoike leaude der neat fan en skonk noch mar ris yn en sei, "do wist no wol oer wa ik it ha no?" Ik hie sa'n fermoeden, it wie ek al wer in skoftke lyn en it “fijne” wist ik der no ek wer fan.

 

Myn muoike ferfolge; de âlders fan de jonge woene net dat hja op it selde bêd by inoar sliepten, hja wiene per slot grifformeard en dan kin soks net. By de oare âlders makke dat net út, hja binne sels ferantwurdlik seine dy. Mar ik wyt no hoe't se oan dat skema kommen binne sei muoike, it gong net om'e romte. Want moast no ris heare, do wist oer wa as ik it ha no? No, as dy ûngesteld wie dan sliepten se dy wike by dy jonge thús en dy oare wiken by de oare âlders. Se hat it lêsten sels tsjin my sein. "Is it net wat je, ik fyn it wol in bytsje frjemd dat dy jonge leaver thús sliepe woe as dat fanke ûngesteld wie", sei myn muoike. Se gong stean en sette har nei har luie stoel, sa no moat ik earst in sliepke dwaan, sei se, en do komst der sels wol út no. As it allegearre wier is wat hja fertelde wyt ik net mar wy ha wer efkes moai sitten.

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes