Skeare
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Skeare

 

 

Okkerdeis hie ik wer sa’n nuvere bui, ik kin it ek net omskriuwe, mar it hat it meast fan it útheljen fan kattekwea. Net dat ik der grutsk op bin hear, mar dizze kin der noch krekt sa’n bytsje op troch. Hawar, dat sein hawwend wie it lêsten dus wer safier.

 

Ik ha de gewoante om myn burd stean te litten en sa no en dan moat it skearapperaat der efkes oerhinne, oars wurdt it te lang en dat fynt de frou dan wer net goed. No sei hja ek wer: “Wannear silst dy wer ris skeare jonge, want it sjocht der net út.” It kaam samar by my op en ik sei dat ik it fuort efkes dwaan soe. Der stie in moai wyntsje, dus dat koe wer moai bûtendoar. Dat hat nammentlik in grut foardiel as it wat waait, want dan waait it ôfskearde hier fuort. Oars sitte de klean derûnder of de keukensflier en dat jout dan wer wurk om it wurk, sis ik altyd, en dat moatte wy net ha.

 

Diskear waaide it mear as gewoan. Gewoanwei lit ik de doar iepen, want it stopkontakt sit binnendoar en ik stean bûten, mar dêrfoar waaide it no te hurd. Dat die ik de doar ticht en skearde my lykas oars. Om it kabeltsje koe de doar wol ticht, dat der wie neat oan ’t hantsje. Ik wie hast klear en sei doe tsjin de frou: “Ju, kinst de doar ek efkes op in kierke hâlde, want de stroom wol der net sa bêst troch en dan wol it skearapparaat net.” En ferdomd se die it, hja hie neat yn ’e gaten. Se hold de doar moai op in kier wylst ik it skearen ôfmakke.

 

Jo sille mar sa’n bêste frou ha, sûnder fragen te stellen gewoan dwaan wat der frege wurdt. Sokke froulju wurde der no net mear makke. Nee, it komt grif goed mei ús. Oan’t se dit lêst fansels...

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes