Sjaaky
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Sjaky

 

 

Dit is in ferhaaltsje oer en troch my en no’t jo dochs fan plan binne om it te lêzen, sil ik my earst mar efkes oan jo foarstelle. Hja sizze Sjaky tsjin my en fine dat ik in sluiergoudfisk bin, in swartenien. Ik bin nochal oan ’e grouwe kant neffens oare fisken, mar neffens my heart dat sa, it sit him yn it soarte, tink ik. Foardat jo dêr wat oer te sizzen ha, ik kin it net helpe dat it sa is en ik sit der ek net mei.

 

Myn wrâld is spitigernôch net grutter as in kom, sa grut as in fuotbal sis mar en gelokkich fan glês, mei wat stientsjes op ’e boaiem en wat grien guod dêr’t ik net fan wit wat it is. Dat is myn omkrite foar de rest fan myn libben. Dêr wol ik jo graach psycho-analytysk wat oer fertelle, want wat ik hjir doch, wit ik net, it is yn elk gefal net omdat ik dat wol, mar it is net oars.

 

Privacy haw ik perfoarst net, want it neidiel fan glês is dat jo my swimmen sjen kinne, yn myn bleate kont noch wol, mei sicht rûnom. Sa no en dan komt der in grutte holle mei fan dy grutte eagen foar my te hingjen. Ik wurd der bytiden bang fan, mar wêr kin ik hinne? Troch it glês ferfoarmet it byld nochal en ik kin net sizze dat wat ik sjoch no sa kreas is. As der frjemde hollen op besite binne, dan komme se allegearre op myn glês ta en stoarje my oan as wie ik in noch net earder sjoen wûnder. Ik fiel my dan net sa noflik.

 

Gelokkich smyt dy iene holle sa no en dan wat yn myn wetter, wat ik dan mar opyt. It smakket nearne nei, mar oars komt der neat yn. En ferhongerje wol ik net, ek al smyt hja it yn itselde wetter as dêr’t ik myn behoefte yn doch en yn sykhelje. Drinken hoech ik net, mar dat sille jo wol begripe.

 

It rûntsjeswimmen hinget my de kiel ek allang út, alhoewol’t ik besykje om der wat ôfwikseling yn oan te bringen troch likefolle loftse as rjochtse omgonkjes te meitsjen, want as ik altyd it rûntsje deselde kant út draai, dan wurd ik bryk en dat wol ik net. Dat easket in protte dissipline, mar dat haw ik wol. As ik altyd rjochtsom gean soe en dan in inkelde kear loftsom bygelyks, dan flean ik út ’e bocht mei alle neidielige gefolgen, dus dat doch ik mar net.

 

Ik libje as iennige yn dizze kom en dêrtroch dus behoarlik iensum en op guon mominten ferfeel ik my ek ôfgryslik, mar ferdivedaasje is der sa no en dan ek. Foaral as der mear as ien holle thús is, dan bart der noch wolris wat. Ik sjoch alles wol wat hja dogge. De iene kear skamje ik my foar wat ik sjoch en oare kearen kin ik wol laitsje of gûle, mar ik haw net altyd in ferklearring foar wat ik sjoch. Ik wol der ek net te folle oer sizze; hja moatte it sels mar witte wat se dogge, mar frjemd giet it soms wol.

 

As myn glês smoarch is, dan wurd ik derút helle en makket sa’n holle myn kom skjin, want dan sjogge se my better yn it skjinne wetter, sjoch. En ik moat sizze, dat kin ik wol wurdearje, want it is in stik frisser as hja my der dan wer yn smyt. No’t ik it deroer haw, lêsten haw ik fuort west, want dy hollen moasten sa nedich op fakânsje as ik it goed begrepen haw, dat ik moast útfanhûs, tochten se. It gie der need om en ta, want hja ferfierden my mei kom en al en dat gie sa mâl dat ik der seesiik fan waard. Ik bestoar it sawat, mar goed, doe’t ik op it nije plak stie, wie it al gau wer oer.

 

In pear dagen letter waard ik út ’e kom tild en yn in oar wetter loslitten. It bliek itselde te wêzen as myn kom, allinne wie dizze hiel lang en heech. Der libben oare fisken yn en hiele

 

oare as ik. Nijsgjirrich seagen se my oan en swommen se om my hinne. Wat in meagere dingen, tocht ik en guon sa plat as in dûbeltsje; dy krije fêst te min fretten. No koe ik einlik ris rjochtút swimme en dat bin ik net wend. It woe ek net sa bêst, moat ik earlik tajaan en boppedat is dat wat foar langebaanswimmers en dat bin ik net. Ik kin nammentlik net rjochtút swimme. Ik haw altyd in ôfwiking nei lofts of nei rjochts. Nei in skoftke waard ik dêr wer úttild en yn myn eigen kom smiten.

 

Dy oppasholle hie myn kom skjin makke, seach ik, dus dêrom moast ik by dy oare fisken yn, tink ik. No, it wie in hiele ûnderfining, mar it hoecht om my net wer. Sa’n grut wetter is neat foar my en ek fierstente waarm. En dan noch fan dy meagere fisken... Nee, jou my myn eigen komke en myn eigen wetter mar, sa tink ik der no oer, dan nim ik dy frjemde hollen en al dy oare dingen der wol op ta. As ik aanst wer thús bin swimt der in tefreden fisk syn rûntsjes yn ’e kom, rekkenje dêr mar op.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes