Sinteklaas
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Sinteklaas

  

It is wol hiel bysûnder,

ja, it is in suver wûnder.

Sinteklaas oan in parasjút

en stapt it fleanmasine út.

 

De Pakjespiter seit:

ik wit wol wêr’t it oan leit;

de Sint hat it fierstente drok,

hy struit no pakjes op gelok.

 

Beppe kryt in iPod op har dak

en Pake in piip mei tabak.

Heit sei: dit kin sa net bliuwe,

ik sil Sinteklaas wol skriuwe.

 

Fan doe ôf oan, echt wier,

wie Sinteklaas hiel blier.

Mei help fan alle heiten yn it lân

kamen alle pakjes no goed oan.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes