Sinneûndergong
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Sinne ûndergong

 

bringer fan it ljocht

hoeder fan de tiid

fiert iederkear wer

in deistige deastriid

 

fan efter de wolken

in donkerreade gloed

oan'e kym fan de nacht

jout it de dei in lêste groet

 

strielen as touwen

strak ferbûn mei de wrâld

nettsjinsteande dy krêft

dochs de dei net fêst hâld

 

de skimer leit op'e loer

it lit de stielen ferdwine

oant de sinne belies jout

troch de nacht is ferbline

 

de nacht sil him jilde litte

en nimt ús it ljocht wei

efkes want dan is de sinne

yn tarieding op in nije dei

 

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes