Simmerrein
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Simmerrein

 

De maitiid giet linichjes yn'e simmer oer,

elts jier wer is dat in fêst beslút

alle krêft dy't opgarre is yn'e winter

moast der yn'e maitiid en simmer út

 

as de dagen stilwei betider it ljocht sjogge

en út de nachten ûntwraksele binne

begroetsje de fûgeltsjes de sinne wer

mei harren blide rop, de dei kin begjinne

 

in tiid fan ljocht en libben rûnom

en it rûkt nei kleur en azemt krêft út

yn natoer en mins brûst it fan libben

ek it lân werút de rispinge ûntsprút

 

en de iverige boeren sa drok binne

want harren tiid is mar beheind

de natoer lit syn moaiens wer skôgje

alles is dan sa nij en noch nearne skeind

 

minsken laavje harren oan'e sinnestrielen

want op it strân is it in gean en kommen

in tiid fan opbou, fleur, en plannen meitsje

mannich aversaasjes wurde ûndernommen

 

ek foar mij is dit de moaiste tiid fan it jier

foar in elts dy't it mar sjen wol soe'k sizze

ik sjoch dan nei't fee dat yn't farske gers rint

of de oare kij hokker te wjerkôgjen lizze

 

foar al wat libbet is in reinbui ûnmisber

nei in lang skoft fan droechte en hjitte

as de loft dan berint en aloan swarter liket

sil it de dei dêrtroch skimerich wurde litte

 

sa'n soel skoftke, krekt foar in tongerbui,

gjin wyn, sa stil en te harkjen stean nei't fjoer

dan fiel ik mij och sa behindich en ûnwichtich

en ha ik'e djipste achtinge foar de natoer.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes