Sêge fan Boer
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

De Sêge fan Boer

 

Yn de bosk fan Boer – grut en ticht – barden foarhinne frjemde dingen. Der wenne yn ’e Boersterbosk in boer dy’t tige earm wie, want hy hie net in soad lân om fan te bestean. Ienris hie de boer in reis makke en oeral west, hie er wol ris ferteld, en wie doe werom kommen mei syn frou. De earste jierren koene se krekt rûnkomme, want de frou soe de boer wol helpe.

 

Dy frou wie nammentlik in hekse. Dat seine teminsten de minsken, al hawwe se har nea sjoen. Se soe troch de bosk swalkje en ûnferklearbere krêften hawwe. Twa kear yn it jier kamen de minsken fan witwêrsanne. Hja wisten wol wat der barre soe en wiene der op ’e tiid by, om harren fertuten dêrmei te dwaan. Hja hawwe ferteld dat it in wûnder wie en neamden it plak al gau ‘By de boer yn ’e bosk’, letter ‘By de boer’ en no allinne noch ‘Boer’.

 

Twa kear yn it jier fleane guozzen hinne en wer, ôfhinklik fan de tiid fan it jier, noard-súd oft súd-noard. It gefal wie dat de guozzen it Berltsemerwiid folgen, dat wie harren ta roer. Yn ’e maitiid fleagen se, sa goed as, nei it noarden en yn ’e winter de oare kant út, krekt oer de bosk fan Boer. As der lûden wiene fan fleanende guozzen, dan begûn it tige hurd te waaien, yn ’e hjerst kaam de wyn út it suden en as de winter oer wie dan kaam de wyn út it noarden wei. Dan waaide it sa hurd, dat de wyn gûlde troch de beammen. It wie in eangstich gelûd en oan ’e earen hast net te fernearen. De guozzen koene fleane wat se woene boppe de Boersterbosk, mar se kamen net in meterke mear foarút, oant se sa oan ein wiene dat se út ’e loft foelen, krekt by de boer op it hiem. Sadwaande ferkocht de boer guozzen, twa kear yn it jier, foar net te folle en de minsken wiene der wat bliid mei. De boer en syn frou koene dêr goed fan rûnkomme en libben noch lang en lokkich.

 

Letter, doe’t de heks, de boer en de Boersterbosk al lang ferdwûn wiene, waaide it dêr noch altyd bûtengewoan, mear as earne oars. Safolle sels dat it de muoite wurdich wie om dêr mûnen te bouwen. Trije hawwe dêr stien en oant no ta hjit it dêr noch altyd ‘Trije molen’ by Boer.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes