Sa lang as it duorret
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Sa lang as it duorret

 

 

Ik printsje myn fuotstappen

yn farske snie,

nij en ûnfoarstelber wyt

 

nimmen hat hjir ea foar my rûn,

at ik om sjoch nei myn spoar

dan sjoch ik wat ik skeind ha

it fertraapjen fan suvere keunst

 

no snijt it Goddelike flokken

en ha ik dêr nea west

myn gong is útwist, foar ivich.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes