Rotdei
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

 

Rot dei

 

 

It is hjoed in rot dei

ha nei skoalle west

hie dy rot leraar

ek noch in rot sin.

 

'k Hie in lekke bân

yn dat rot waar

mei dy rot fyts

en dy rot tas op'e rêch.

 

Heit soe my wol helje

die dy rot auto it net.

Heit yn buorman syn auto

dy mei dy giele rot kleur.

 

Ik ha der oeren stien

yn dat rot waar

ik lilk, leraar lilk,

heit lilk.

 

Heit sil dy rot bân plakke

dat fynt hy in rot klus

dus moarn

mei ik lekker mei de bus.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes