Rinse de prater
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Rinse de prater

 

 

Rinse hat moarn wer in kater

sjoch him rinnen efter syn rollator

hy skodde as in twaddehâns fibrater

hij kin it net litte, dy Rinse de prater

 

Rinse is der al sa'n tachtich jier

en hat krultsjes yn syn grize hier

hij mei och sa graach in gleske bier

kin dan tige prate, en is och sa blier

 

Rinse hat gjin rollator nedich sa sear

mar as hij nei de kroech giet eltse kear

dan kin hij net sûnder rollator mear

foar de weromreis stiet hij dan mar klear

 

alle sneonen giet Rinse nei't kafee

syn freon sit dêr dan al tiden ree

en dy komt dêr ek net foar de tee

want nei bier ha hja toarst as de see

 

Rinse en syn freon ha sa in kratsje leech

soms wol twa, al is dat wol wat dreech

sûnder rollator sit Rinse dan omheech

want't stroffeljen bringt nochalwat teweech

 

mei har twaen kin hja mannich bierke tille

en ha dêrby fansels de measte wille

mar o,o as de freonen nei hûs ta sille

hiel wat âldsjes soene dêr fan rille

 

okker winter hie it waar och sa spoeke

it wie allegearre snie en de rollator stûke

doe koe Rinse alle help wol brûke

hja moasten him alhiel nei't rêsthûs lûke

 

it wie in barre tocht west ha'k wol heard

hiel it rêsthûs hie dêr sa fan beart

want inkeld giet it dochs in kear ferkeard

mar dêr hat Rinse oant no ta neat fan leard.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes