Ringen yn'e nâle
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Ringen yn'e nâle

 

 

Do bist sa'n kreas famke

altyd pykfijn yn'e klean

do komst net yn'e kroech

do bist alinne oars as oars

do hâldst fan frjemde dingen

mar it measte noch fan my

 

do hâldst fan sipels mei bananen

sprútsjes mei sukade

huning by it aai

en patat mei sjoekelade

 

yn alles bist sa rêstich

altyd by it lyntsje lâns

dyn hier sit altyd kreas

do bist alinne oars as oars

do hâldst fan frjemde dingen

mar it measte noch fan my

 

do hâldst fan ringen troch de tepels

ringen yn'e nâle

tatoeages yn it fel

ja, meastal yn it mâle

 

do hast in hiel soad leart

dêryn wiest de bêste

en hast in poer bêste baan

do bist alinne oars as oars

do hâldst fan frjemde dingen

mar it measte noch fan my

 

do hâldst fan cola mei citroensap

kofje mei wat piper

martini troch de fla

in advokaatsje mei tomaten

 

mar ik ha oan dy in bêste frou

en wol net in oaren ha

do bist alinne oars as oars

do hâldst fan frjemde dingen

mar it measte noch fan my

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes