Rêsthûs
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Nij Bethanië Tsjummearum

 

 

Rêsthûs

 

It fertriet sit noch djip,

want Afke is no allinne

en dêr fynt se neat oan,

har man net om har hinne.

 

Eartiids woene se wol,

beide, as it sa fier is

in plakje yn it rêsthûs,

mar dat rint se no mis.

 

Kin harsels net mear rêde,

fersliten, wrak en âld.

In oerke help deis, oars

fan ien dy’t fan har hâldt.

 

Se is oan rêst ta,

mar is noch net oan bar.

Se moat dus wachtsje,

rêste docht se thús mar.

 

Ear’t se nei it ‘hûs’ mei

dêr’t dy âlde sloven binne,

moat se al krankjoarum wêze,

of allinne mar lizze kinne.

 

Soargsume froulju binn’ dêr,

hja skreppe dei en nacht

om âlde stakkerts te helpen,

mar Afke sit yn ’e wacht.

 

Tiden binne gâns feroare,

mar dit is no har lean.

Se sjocht der slim tsjinoan

om nei it ‘stjêrhûs’ ta te gean.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes