Reinwetter op'e hûd
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Reinwetter op'e hûd

 

 

Ik bin noch fan in foargeande generaasje sjoch,

net dat dêr wat mis mei is hjer, it tsjindiel earder,

fan in tiid doe't de douche noch tobbe hjitte sil ik mar sizze

ja, it is al efkes lyn, ik wyt it mar sa wie it doe noch.

 

Eartiids wie ik wol ris oergeunstich west op'e kij yn't lân

as it dan reinde en brodzich wie, in lekker buike op'e bealch

en as it dan letter droech wie, stiene hja gewoan te dampen

it wie in moai oansjen, mar ik hie my sels doe noch yn'e hân.

 

Noch net sa lang lyn wie it ek sok hjit waar de hiele dei

in donkere loft wie kommende, en ik tocht dit is myn kâns

en sei tsjin'e frou: "Ik doch de klean út en bliuw bûten."

Hja leaude my net fansels, it wie ek mar sa'n hjitte hei.

Dat feroare doe't ik yn'e hûs brocht, wat net wiet wurde mocht,

hja sei: "Do bist net wiis, brûk dyn ferstân man" doe't se dat seach,

en "hoe âlder hoe gekker", ik sei tsjin har "Do kinst wol meidwaan ju."

No doe doge ik hielendal net mear fansels as ik dat al tocht.

 

Ik gie sitten en de bui kaam, ik tocht trochsette jonge, 't is sa dien

yn't begjin gie it wol en wie't wol lekker koel op'e bleate hûd

mar dat duorre net sa lang, doe trille ik as in trilboar sa slim

ik koe net wer waarm wurde en bin mar ûnder de hjitte douche gien.

 

Twa dagen letter wie ik sa ferkâlden as in snip en tige min by siele

doe ha ik mar besletten om fuortoan mear nei myn frou te harkjen

se hat neat sein, it is sa'n bêste frou dy't ik troffen ha, en wizer ek,

ek al wol hja net mei my in reinbui op it bleate liif fiele.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes