Raket fan Roel
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Raket fan Roel

 

Roel hat in raket bout

ja, in hiiiiele grutten ien

mei izer, plastik en hout

fan wol in meter of tsien

 

hy woe nei de moanne

en dan ek wer werom

Roel hie alles goed út tocht

want Roel is net sa dom

 

fiif molkebussen op'e kop

mei karbid dêryn, net te min

dêr boppenop in âlde silo

sa wie it Roel hast nei't sin

 

der moast ek noch in hokje op

mei in stjoer en in stoel

dan kin hy fleane yn'e romte

en dat is tige knap fan Roel

 

mar och, hy is wat fergetten

en gong it no dochs noch fout

hy kin net werom op ierde lande

en is hy no foar altyd astronaut

 

dy komt net werom sei syn heit

hy fljocht yn in wiide bocht

hiel inkeld kinne je him sjen

at hy foar de folle moanne fljocht

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes