Poddedril
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Poddedril

 

 

Trije podden op in meitiidsjûn drok yn petear

wer soe it oer gean dis kear

fansels oer de podinnen yn it mear

sa as immer kear op kear.

 

De trije podden yn it mear

dy bin der hielendal op klear

sjânse wolle hja en roddelje net sa sear

nee, wat hja wol wolle is wol klear.

 

De grauwste pod dat wie in echte hear,

"jimme kinne net by my yn'e lear"

sei er, en swom fuort as in spear

op syk nei podinnebillen, leafst in moai pear.

 

Twa podden bleaunen efter yn't mear

en wiene wer drok yn't petear

wert hja foar kommen wiene wisten hja net mear

poddedril meitsje, mar dat wist allinne de echte hear.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes