Peste
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Peste

 

 

Se hiene altiid al in bytsje de gek mei lytse Wytse hân oant no ta. Mar dêr koe hy sels neat oan dwaan. Syn iene skonk is wat fergroeid en is wat koarter en bryker as de oare. De oare bern moasten Wytse altyd ha as it om kwea-jonges streken gie.

 

At se immen te pakken hiene dan wie it Wytse wol. Mei it fuotbaljen wie Wytse altyd de lêste hokker keazen waard en by side-plak

boartsjen lieten se him soms oeren op syn plakje sitte.

Wytse wie altyd de pineut. Sa gong it ek altyd yn Paulus-steechje.

It steechje is sa neamd omdat Paulus Krotsje dêr wenne yn in âld ferfallen húske.

Hoe't Paulus eigentlik fan efternamme hjitte wist net ien, mar elk neamde it strjitsje sa omdat Paulus yn in krotsje wenne. It steechje wie bestrjitte mei lytse giele stientsjes en at Wytse en syn freonen dêr lâns draafden op harren klompkes dan hie dat nochal wat kabaal en dêr koe Paulus net goed tsjin. Hy hie der mar in hekel oan en as dy jonges dêr dan werris lâns draafden dan hat hy wol ris besocht om ien fan dy dogenieten te pakken te krijen. Mar Paulus wie al âld en net sa fluch mear en boppedat wiene Paulus syn skonken ek net wat it wêze moast, mar dat wie nei't men sei it gefolch fan Polio yn syn jonge jierren.

 

Letter hat Paulus it oars besocht want as hy de jonges oan kommen hearde dan stie hy klear mei in amer fol mei wetter en as hy tocht dat se foar syn hûs wiene dan smiet hy de amer leech troch de foardoar. Yn'e hoop fansels dat ien fan dy rot bern wiet wurde soe en net wer troch it steechje doarsten. Mar Paulus wie eins altyd te let en wiene de jonges alwer foarby.

 

Mar as der al immen wiet waard dan wie it Wytse fansels want dy rûn altyd efteroan troch syn ûngelokkiche skonk. De oare bern hiene

dan de measte wille en laken har de bûsen út.

Mar de lêste kear dat hja dêr lâns draafden kaam der gjin wetter en de doar bleau ticht.

Dat wie wol frjemd want Paulus reagearde altyd. Nei noch in pear kear efterelkoar der lâns te draven hiene de jonges harren nocht der ôf. Der kaam gjin reaksje.

 

De jûns oan de itenstafel hearde Wytse dat heit tsjin mem sei dat Paulus stoarn wie en dat hy oansteande tongersdei op it hôf begroeven wurde sil.

Wytse skrok der wol fan. Hy hie it altyd begrutlik fûn om Paulus sa te pesten, mar hy woe ek graach meidwaan mei dy oare jonges fansels. Doe't hy de jûns op bêd lei koe hy dêr mar muoilik los fan komme en tocht as ik sa âld bin dan sille de bern my ek wol peste.

 

Mei triennen yn syn eachjes is hy yn sliep fallen.

Op tongersdei te middei kaam Wytse fiersten te let op skoalle en master wie lilk op Wytse. Mar Wytse woe net fertelle wêrom at hy sa let wie en dêrom krige hy straf fan master. Hy moast nei bliuwe

en straf-wurk meitsje krekt salang as dat it ôf is.

Want te let komme sûnder in goede reden dat mocht net, sei master.

Wylst syn kammeraten laitsjend de klasse út gongen begûn Wytse oan syn straf-wurk.

 

Jûns krekt nei it jûnsmiel gong de doarbel. Master woe even fan heit

en mem witte wêrom at Wytse hjoed sa let op skoalle kommen

wie en dat Wytse dêrfoar straf hân hat. Heit en mem hearden

der nuver fan op want Wytse hie neat sein oer wat der dy deis bard wie.

No koe Wytse der net mear ûnder út en moast hy it hiele ferhaal wol fertelle. Oer it pesten fan Wytse en wat se altyd diene yn Paulus-steechje en en .... Hy koe it gûlen net mear tsjin hâlde en krige al wat meilijen fan de oaren.

En tusken it snikken en de triennen troch fertelde Wytse

dat hy it net litte kinnen hat om op it tsjerkhôf nei Paulus

syn begraffenis te sjen omdat hy him sa ferbûn fielde mei Paulus en syn beheinde skonken en dat dat him sa begrutte.

 

Master krige tige spyt dat hy Wytse straf-wurk jûn hie mar,

sei hy, dat dat kaam omdat Wytse net fertelle woe werom as

Wytse sa let op skoalle kommen wie. Heit en mem treasten Wytse

en seine dat se it hiel goed begripe koene dat Wytse sa'n

begrutsjen mei Paulus hie. En hja seine dat se der fuortoan

better om tinke sille dat Wytse net mear sa pleage wurde sil.

“Ja” sei master “en ik ek, ik sil der ek better omtinken oan jaan

en ik hoopje datst my ferjaan kinste dat ik dy straf-wurk jûn ha.” “Ja wis wol master” sei Wytse “want dat hie ik der wol foaroer.”

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes