Pake
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Pake

 

 

mei sletten eagen, sa ha ik him fûn

sa't immen sliept, de lea folslein oerjûn

syn boesgroen hinge om him hinne

sa nei as wurch fel, troch slyt fertinne

 

yn syn stoel siet er dêr ferstoarn

as wie der hielendal neat oan'e hân

de ferware hannen sa fredich teard

dêrmei hat hy it libben altyd eart

 

in fersliten âld man, is no yn rêst

foar altyd en dat is sa wol bêst

in ferlies mar gjin fertriet foar my

en yntins gelok, foar in amerij

 

myn pake hat syn libben dellein

in libben libbe ta in foldien ein

wat bliuwt, is pake yn myn tinzen

want dat hat gelokkich gjin grinzen

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes