Pake syn burd
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Pake syn burd

 

 

Myn pake hat in lang burd

en dat burd waakst hiiiel hurd

wol mear as in heale meter per dei

alle gelearden seagen der al nei.

 

Dêr falt neat oan te dwaan sizze sy

mar myn beppe wie der handich by

hja sei dêr kin ik wol wat mei

dat hier fan pake wurdt echt net wei.

 

Beppe breidet alle dagen it burd op

kleantsjes foar myn suske har pop

truien, sokken, mûtsen en moarn?

moarn dan sit it der gewoan wer oan.

 

Mei it WK of EK fuotbal, altiten,

kriget pake allinne woartels te iten

en breidet beppe oranje sjaalen

foar alle fuotbal fandalen.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes