Oppasbeppe
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Oppasbeppe

 

Sa jong binn’ se al net mear

at se al bern krije.

De karriêre giet earst foar,

oars kin it faaks noch net lije.

 

At mem wer oan ’t wurk wol

moatte de bern plak ha

en wat is no makliker

en bring se nei beppe ta?

 

Beppe faaks krekt út ’e bern,

en dat wie al in prestaasje,

moast no wer klear stean

foar de folgjende generaasje.

 

It âlde ‘loophek’ mocht net fuort

en de tafelstoel fansels ek net,

it komt no allegearre fan pas,

krekt as dy houten autopet.

 

Beppes binne ûnmisber.

Beppes binne net te beteljen.

Hja tanket de bern ek noch

foar it bringen en fral it heljen.

 

Op ’t lêst âld en kerbintich,

dan wurdt it beppe tefolle

en hja hopet dat de bern letter

ek op beppe passe wolle,

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes