Nynke har plan
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Nynke har plan

 

 

Nynke fûn der neat mear oan. At se thús kaam fan skoalle wie der meastal nimmen thús en moast se har sels mar rêde. Sels in kopke tee sette of in glês limonade pakke en in koekje of stikje bôle. Oare klean oan en dan gong se te boartsjen mei har freondinnen.

In inkelde kear gong se ek wol ris mei in freondin nei hûs, mar dêr wie it faaks net oars en wiene de mem en heit net thús. Meastal lei de

kaai ûnder de matte en sa dwaande koene se yn'e hûs komme.

 

At it min waar wie dan gong Nynke nei har keammerke en die in

spultsje op har kompjûter of lêzde yn in boek of die de tillevyzje oan,

mar dêr fûn se meastal net folle oan alinne. Yn it wykein wie der altyd

wol ferdivedaasje want dan wiene heit en mem frij. Mar heit en mem wenje net mear byelkoar se kinne it net sa bêst mear fine mei elkoar, sizze se. Dêrom wenje se no apart en is Nynke de iene wike by har heit en de oare wike by har mem.

 

Sa, ha har heit en mem dat ôfpraat want se ha der rjocht op om Nynke om beurten te 'hawwen' sizze se.

It is in hiel getsjoen en gehinne en wer gedoe dan wer hjir en dan wer

dêr en boppedat hat heit in nije freondin. Hy moast it sels mar witte fansels wat hy docht mar Nynke moast der tige oan wenne yn it begjin.

Nynke hat in soad dingen dûbel. Sa as in toskeboarstel by mem

en in toskeboarstel by heit mar sa is dat ek mei har piama, kaam,

himden, ûnderbroeken ensfh. Ien foardiel koe Nynke wol neame

want twa kear yn it jier jierdei fiere dat fûn se dochs wol leuk. Mar oer it algemien hie se it der mar muoilik mei en fûn se it mar raar werom at heit en mem net mear byelkoar wenje woene.

 

Se fûn dat grutte minsken faak mar muoilik dogge.

En by de iene mei se dingen wol en by de oare mei se dat wer net en se freget har ôf hoe at dat wêze soe at se noch wol byelkoar wêze soenen, lekker mei har trijen yn it selde hûs.

 

Op in dei naam se in beslút, se hie der al efkes oer nei tocht mar it stie no fêst, se woe ek in eigen hûs ha. Sa as it no gong wie it har net

nei't sin want wêrom moast Nynke altyd ferhúzje en heit en mem net.

It wie har skuld dochs ek net. Se stapte op in dei nei de oargemaster

en lei har probleem oan him foar. Dy hie wol syn betinkst dêroer mar

woe har dochs wol helpe. En it hie wol wat fuotten yn'e ierde hân

mar Nynke krige in hûs fan de gemeente. No kaam se deis ek út

skoalle en wie der nimmen thús, dus wat dat oan giet wie der noch net folle feroare.

 

En dochs fûn Nynke dit better want no wie Nynke altyd yn

har eigen hûs en hoegde se net hyltyd fan de iene nei de oare.

En boppedat hie Nynke in plan betocht en hope dat dat slagje soe.

 

Yn it begjin kaam har mem it iene wykein en it oare wykein har heit by Nynke wylst sy lekker thús bliuwe koe.

Nynke sei tsjin har heit en mem jim kinne fuortoan wol by my komme yn it wykein. En dan net ien foar ien mar tagelyk, dan binne wy lekker mei ús trijen byelkoar.

Syn freondin wie it der net mei iens dat har heit yn it wykein net thús wie. Se hiene der nochal wat spul om hân mar heit hie Nynke har kant keazen en dêrom wie de freondin mar by har heit fuort gien.

En Nynke fûn dat hielendal net erch.

 

Sa wie it mar moai oplost fûn Nynke. It hat in hiel skoft duorre mar heit en mem hiene beide skjin harren nocht fan dat hinne en wer gedoch. Mei in tas fol guod nei Nynke en de snein te jûns wer nei harren eigen stee wie net krekt wat se woene. It foel harren raar ôf mar se koene it foar Nynke ek net meitsje om fuort te bliuwen, want Nynke hie noch sein dat se der rjocht op hat om har heit en mem regelmjittich te 'hawwen'.

 

Mem bleau ek wol ris in hiele wike oer en dat fûn Nynke wol fijn

want de hiele wike hielendal alinne te wêzen wie ek net alles.

Nei in skoft siet it ritme der al goed yn en stadichoan fûnen har

heit en mem it ek net sa ferfelend mear om nei Nynke ta te gean.

Har heit en mem koene no wer goed mei elkoar wûnder boppe wûnder en dat fûn Nynke al sa moai. It foldie sa goed dat heit en mem hieltyd mear en mear by Nynke yn'e hûs wiene sadat se mar

besletten ha om mar by Nynke te bliuwen.

 

Earst hat mem har wenning opsein by de wenningstifting en in foech heal jier letter har heit ek.

Hja wenje no mei harren trijen by Nynke yn'e hûs. En dat is krekt wat

Nynke woe. It is no wer gesellich en heit en mem binne sa ek wer byelkoar.

Mem is ophâlden fan wurkjen en at Nynke út skoalle komt dan stiet

der fuortoan in kopke tee mei in lekker koekje klear en is der wer gesellichheid.

At grutte minsken it net kinne dan moatte de bern it mar dwaan, sa

wie Nynke der mei en fynt dat har plantsje mar goed slagge is.

It neidiel is wol dat har jierdei fuortoan mar ien kear mear fiert

wurdt mar och dat fynt Nynke hiiiielendal net erch fansels.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes