Nearne en earne
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Nearne en Earne

 

 

Hiel lang ferlyn wie de ierde sa as no opdielt yn ferskate lannen en oer ien fan dy lannen giet dit ferteltsje. Dat wol sizze eigentlik oer de kening fan dat lân. It lân hjitte Nearne en it lân Nearne wie in keninkryk mei in hiele frjemde kening. Syn namme wie Hawwe en dat kaam moai út want dizze kening woe altyd alles hawwe, ek al wie it net fan de kening. Kening Hawwe hie al sa'n protte, en hy fûn dat alles wat der yn it lân Nearne wie, fan him wie. Ek it folk hearde him ta sa tocht hy. De minsken moasten allegearre foar him wurkje en wat de minsken hiene wie ek fan de kening. As de kening in hynder ha woe dan gongen de lakeien en ministers it lân yn en hellen hja it moaiste hynder wat hja mar fine koene en joegen dat de kening. It folk wie net sa wiis mei kening Hawwe want it folk hie neat en de kening hie alles en dat fûnen hja net earlik fansels.

 

Op it plattelân yn in úthoeke fan Nearne wenne in mûner mei syn frou en bern oan de grins fan in oar lân dat se Earne neamden. Earne wie ek in keninkryk en dy kening hjitte fan Jouwe. De kening fan Earne wie sa earm as in lús en hie hast neat. Allinne wat kening Jouwe nedich hie wie foar hannen oars neat, en dat wie net folle. It folk fan Earne wie tige wiis mei kening Jouwe en se brochten alderhande spul nei de kening, mar de kening woe it net ha want hy hie it net nedich sei er.

 

De mûner mealde it moal mei syn mûne en bemuoide him fierder nearne mei. Oant op in kear de kening fan Earne mei syn gefolch by de mûne stiene en de mûner in djippe bûging makke foar kening Jouwe.

“Gean mar wer stean bêste man” sei kening Jouwe “jo hoege foar my net te bûgjen. Mar ik hearde dat jo in wûnder moaie en leave dochter ha en ik woe ris sjen oft de ferhalen oer har wier binne.”

 

De mûner skrok him in bulte en tocht der ha je wer sa'n kening hokker tinkt alles mar fan my ôfpakke te kinnen, mar myn dochter dat giet my wat te fier. De mûner sei: “Wat wolle jo mei myn dochter en wat foar ferhalen ha jo dan heard.”

 

“Ik sykje al jierren stêd en lân of om in frou foar my, mar haw har oant no ta net fine kinnen en doe hearde ik dat hjir in famke wennet wat oan alle easken foldocht om keninginne wêze te kinnen” sei kening Jouwe.

De mûner skrok no noch mear as earst. “Mar ik sil har net meinimme sûnder dat se it sels wol en ek net as jo it net wolle” ferfolge de kening. “Mei ik efkes mei har prate” frege de kening oan de mûner.

“Eh .. ja, ja” mear koe de mûner net útbringe en koe noch mar krekt syn dochter roppe. Efkes letter kamen syn frou, syn dochter en syn soan nei bûten. Kening Jouwe wie fuort al fereale op wat hy seach en stapte fan syn hynder. Hy rûn nei it famke ta en frege as se mei him mei woe nei Earne, sadat hy syn leafde foar altyd oan har jaan koe. It famke wie hiel fereare fansels mar sei net fuort ja, wêrop de kening sei dat se frij wie om wannear dan ek mar, werom nei hûs ta gean mocht. De heit en mem fan it famke fûnen it in goed foarstel. It famke woe it wol besykje wêrop se mei de kening en syn gefolch ôfstutsen nei it lân Earne.

 

It wie noch gjin wike letter doe't der in lakei oan setten kaam mei it berjocht dat de mûner by kening Hawwe komme moast en wol fuortdalik. Oankommen by kening Hawwe krige hy de wyn fan foarren: “Ik ha heard dat jo jo dochter oan kening Jouwe skonken ha wylst jo wol witte dat alles yn dit lân fan my, kening Hawwe, is” sei de kening “en omdat jo weijûn ha wat net fan jo is, nim ik jo soan mei en meitsje him soldaat yn myn leger.”

 

De mûner hie it net mear, no wie der yn ien wike syn beide bern kwyt. De mûner gong mei in protte fertriet wer op hûs oan. De mem fan de jonge hat twa dagen skriemd fan fertriet en noch is it net oer “No sjogge wy ús beide bern nea wer” snikte hja.

 

De kening fan Earne krige te hearen wat der bard wie en wie begien mei de mûner en syn frou, de heit en mem fan de keninginne. Hy moast hjir wat oan dwaan fansels en woe graach helpe. Kening Jouwe joech opdracht om yn Earne goud yn te sammeljen by it folk. Om't de kening hast noait wat frege fan it folk joegen dy rom fan wat se hiene oan goud. It wie in hiele berch. De kening sei tsjin de mûner “As jo dit goud oan kening Hawwe jouwe dan kinne jo fest jo soan werom krije.” It goud waard op in wein laden, en it wie sa swier dat der wol fjouwer hynders lûke moasten.

 

Dêr siet de mûner dan mei al dat goud, tsjongejonge wat wie der no ryk. No koe der syn soan frij keapje en wylst hy dat tocht kaam der in plantsje yn him op. Kening Hawwe hie dochs al dat goud net nedich tocht hy en boppedat, dy hat al safolle. De mûner tocht as ik no ris de helte oan Hawwe jou dan kin ik de oare helte sels wol hâlde. Hy gong mei de helte fan it goud op'e wein mei twa hynders der foar op nei de kening dy't syn soan fêsthold. Der oankommen sei hy tsjin Hawwe “As ik myn soan werom krij, dan krije jo al dit goud.” De kening seach al it goud en wie tige op't skik mei dit oanbod.

“Nim jo soan mar mei” sei er. De mûner liet it goud efter en gong mei syn soan nei hûs. Kening Hawwe tocht ris goed nei en tocht, hoe komt dy mûner oan safolle goud sûnder dat ik dat wyt, der moast ik mear fan witte. De kening stjoerde syn lakeien op ûndersyk út om te achterheljen hoe't de mûner oan safolle goud kommen wie. In foech skoft letter kamen de lakeien wer by de kening en fertelden wat hja heard hienen. Ek dat de mûner goud krigen hie wat troch fjouwer hynders lutsen wurde moast, mar hy hie by kening Hawwe mar mei twa hynders west en dus koe it net oars as dat de mûner mar de helte fan al dat goud oan kening Hawwe brocht hat.

 

De kening wie woest en fielde him bedondere en trouwens wer bemuoide de kening fan Earne him mei. Hy stjoerde ien fan syn lakeien nei de mûner ta om te sizzen dat kening Hawwe al it goud ha moast wat de mûner fan kening Jouwe krigen hie, oars moast syn soan wer yn it leger fan de kening.

Der wie de mûner net bliid mei en siet hjir wol in bytsje mei yn'e mage. Hoe moast ik dit ha tocht er, want de kening hat it goud net nedich en ik wol myn soan en it goud net kwyt. Nei in pear dagen fan neitinken sûnder fertuten krige hy op iens in idee.

 

It wie krekt wat de mûner nedich hie. Hy gong nei de smid ta en sei tsjin de smid: “Smid, wolle jo my helpe want ik ha in plan en ik wol graach dat jo my der by helpe.” De smid hearde it plan oan en woe graach helpe om de kening in loer te draaien. De mûner brocht al it goud op fiif goudstikken nei by de smid en dy gong fuort oan it wurk. Hy smolt it goud en makke dêrfan in hiele moaie klûs.

 

De klûs glimke sa moai, dat it wie in lust om te sjen. De smid rôp de mûner om it keunststikje sjen te litten en wat de mûner der fan fûn. “Tige moai” sei de mûner “mar sa kin it net bliuwe fansels, dus no moat ik in skilder ha.” Hy gong nei de skilder en ek dy fertelde hy syn plan. De skilder wie fuort ree om de mûner te helpen en sette út ein om wat hy dwaan moast út te fieren. De oare deis stie der in klûs sa as de mûner it ha woe, in ûnhuerige klûs en it like wol as wie de klûs fan roastich âld izer fan binnen en fan bûten, sa moai hie de skilder dat dien.

 

De mûner wie tige goed by sin omdat de skilder sok goed wurk makke hie. No koe de mûner nei kening Hawwe ta en brocht him in kaai. “Dit is de kaai fan in klûs mei goud der yn, dy't by my thús stiet, en dy kinne jo sa ophelje” sei hy tsjin de kening. Dy liet der fansels gjin gers oer waakse en liet de klûs fuort ophelje en by him bringe. Mei de kaai yn'e hân stie hy al te wachtsjen en makke de klûs iepen. Hy seach dat der mar fiif goudstikken yn leinen en in brief. Hy makke de brief iepen en lêzde lûdop: “Hjir is al it goud wat ik noch hie en omdat jo alles ha wolle is de klûs ek foar jo, heechachtsjend de mûner.”

 

De kening wie poer mâl dat der net mear goud yn'e klûs lei en sei: “Gjin goud mear en sa'n âlde roastige klûs mei ik hâlde? Wat tinkt dy mûner wol net, bring dat roastige ding mar gau werom nei de mûner.” De kening hie net troch dat de klûs ek fan goud wie omdat hy sa ferve wie as like it âld roastich izer en sa krige de mûner it goud werom brocht, krekt sa as er it betocht hie.

 

De wein mei de klûs stie wer by de mûne. De mûner pakte in flesse, die dêr ôfbyt yn en pakte in pear âlde fodden. Hij spande twa hynders foar de wein wer as de klûs noch opstie en gong op wei. Oankommen by kening Hawwe sei de mûner “Jo lakeien ha de klûs werom brocht, mar dy is fan jo. Die hearde by it goud wat jo ha woene” sei de mûner.

“Ik hoech gjin âld izer, dat meie jo sels wol hâlde en boppedat beledigje jo my mei sa'n foarstel. Smyt dy man yn de finzenis mei syn klûs derby en fal my net wer lestich” sei de kening. Mar de mûner wie net foar ien gat te fangen en wylst hy yn'e sel siet frege hy om de kening. Nei lang oantrunen kaam de kening by de mûner.

 

“Jo jouwe noait wat wei” sei de mûner tsjin kening Hawwe.

“Nee” sei de kening “ik jou noait wat wei en ik wegerje neat, ik wol alles ha mar ik hoech gjin roastige klûs, want dy is neat wurdich.”

“Ik kin in foarfal dat jo oant twa kear ta in grutte skat wegere ha en werom jûn ha” sei de mûner.

“Dat is net mooglik” sei kening Hawwe “dat is net wier, ja dy roastbult fan jo, mar dy telt net mei.”

“As ik bewize kin dat it wol sa is en dat jo in hiele grutte skat wer fuort stjoerd ha wat stiet der dan tsjinoer fan jo kant?” frege de mûner. De kening tocht djip nei, hie hy miskien dochs in kear immen fuort stjoerd mei in skat en as dat no ien kear bard is mar twa kear? Nee dat koe net. It iennige wat de kening him betinke koe wie de klûs, mar dat is net in skat. “Sizze jo it mar” sei de kening want hy wie tige wis fan himsels.

“As ik it bewize kin dat jo twa kear in skat fuort stjoerd ha dan wurde jo sa as kening Jouwe fan Earne en wolle jo net mear alles hawwe wat fan it folk is, is dat ôfpraat?“

“Dat is ôfpraat” sei kening Hawwe fan Nearne.

“Komme jo hjir moarn mar wer dan ha ik it bewiis” sei de mûner tsjin Hawwe.

 

De mûner hie de hiele nacht yn'e wear west om de ferve fan de klûs of te krijen mei ôfbyt en fodden, mar it wie slagge, en noch foar de kening by him kaam blonk it goud as nea tefoaren. Doe't de kening kaam, koe hy syn eagen net leauwe, want der stie in klûs fan suver goud.

 

“Sjoch dit goud ha jo twa kear wegere” sei de mûner tsjin de kening, “in better bewiis kin ik jo net jaan.” De kening seach dat de mûner gelyk hie en moast no wol tajaan. Fan doe of oan hie de kening spyt fan wat hy dien hie en no woe kening Hawwe neat mear hawwe fan it folk. Fan doe ôf oan libben de keningen en it folk fan Earne en Nearne noch lang en lokkich njonken inoarren.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes